From Wikipedia, the free encyclopedia
Rûbtsovsk (Russysk: Рубцо́вск) is in stêd yn de kraj Altai yn it suden fan Sibearje. It is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme.
Rûbtsovsk
Рубцо́вск | ||
Aartsingel Michaeltsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
kraj | Altai | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 139.565 (2021) | |
Oerflak | 84 km² | |
Befolkingsticht. | 1661,49 ynw./km² | |
Hichte | 215 m | |
Oar | ||
Stifting | 1892 stêd sûnt 1927 | |
Tiidsône | UTC+7 MSK+4 | |
Koördinaten | 51° 31' N 81° 13' E | |
Offisjele webside | ||
rubtsovsk.org |
It plak waard yn 1886 stifte as it doarp Rûbtsovo, dat ferneamd waard nei de earste, út it gûvernemint Samara ôfkomstige bewenner Michaïl Rûbtsov. Yn 1892 krigen de bewenners it rjocht om it lân te brûken en dat jier jilt as offisjeel stiftingsjier.
Yn 1915 waard it spoar Novonikolajevsk (hjoeddedei Novosibirsk)-Barnaul-Semipalatinsk oanlein oer it doarpsgebiet, sadat it doarp in ekonomyske ynpuls krige.
It doarp krige yn 1927 de nije namme Rûbtsovsk en it stedsrjocht.
Yn de Twadde Wrâldkriich ferhûze in bedriuw foar de produksje fan lânboumasines út Odessa en in traktorfabryk út Charkov nei Rûbtsovsk. Dat feroarsake in grutte oanwaaks fan it tal ynwenners.
Nei de Twadde Wrâldkriich lei yn Rûtsjovsk it kriichsfinzenenkamp 511 foar Dútske kriichsfinzenen.
De stêd hat in teäter en in streekmuseum.
De houten Michaeltsjerke út 1906 is bewarre bleaun.
Jier | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 37.709 | 111.357 | 144.951 | 157.082 | 171.792 | 163.063 | 147.002 | 139.565 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rûbtsovsk fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.