![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b3/C%25C3%25A9ret_Saint-Ferr%25C3%25A9ol_-_Statue_Saint_Roch.jpg/640px-C%25C3%25A9ret_Saint-Ferr%25C3%25A9ol_-_Statue_Saint_Roch.jpg&w=640&q=50)
Rochus (hillige)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rochus fan Montpellier (berne yn Montpellier en yn 1379 yn Voghera ferstoarn) libbe neffens de oerlevering tusken 1295 en 1379 en wurdt yn grutte dielen fan Europa as folkshillige fereare yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Neffens de ferhalen holp Rochus wylst er nei Rome pylgere in soad minsken dy't oan de pest litten. De datum dat Rochus betocht wurdt is 16 augustus, de dei dat er ferstoar. Rochus stiet bekend as ien fan de pesthilligen en yn in soad gebieten wurdt er ek rekkene ta de Fjirtjin Needhelpers.
Alhoewol't Rochus nea offisjeel hillich ferklearre is, wurde syn reliken yn Feneesje fereare. Nei de tiid dat de pest yn Europa wierre, ûnstiene tal fan bruorskippen dy't nei Rochus ferneamd waarden en pauslike privileezjes tabedield krigen. Ek waarden in soad hospitaals nei Rochus ferneamd.
Rochus is bekermhillige fan minsken mei besmetlike syktes (lykas de pest en besmetlike syktes mei symptoamen oan de hûd en fuotten), tatebern en sike hûsdieren.