Romke Toering
From Wikipedia, the free encyclopedia
Romke Toering (1947) is in akteur, regisseur, dramaturch en skriuwer fan Fryske toanielstikken. Hy wie de earste regisseur fan Tryater. Hy hie ek de regy fan iepenloftspullen. Sa wie er mear as tritich jier de regisseur fan it Iepenloftspul Jorwert.
Fluch de feiten
Romke Toering | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Romke Toering | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1947 | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur akteur toanielskriuwer | |
prizen | Obe Postmapriis (1987), Fedde en Martha Bergsmapriis (2003) |
Slute
Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn fertalingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar Frysk toaniel foar it stik Baarderlân oer de delgong fan de feehannel.