From Wikipedia, the free encyclopedia
Don José ("Ruy") Gómez de Silva, prins fan Éboli, hartoch fan Pastrana en grande fan Spanje (eins, Portegeesk: dom Jose ("Rui") Gomes da Silva; Chamusca (Portegal), 27 oktober 1516 – Madrid, 29 july 1573) wie in Spaansk ealman en politikus fan Portegeesk komôf. Fan in leechaadlik libbensbegjin wist er troch syn freonskip mei de Spaanske kening Filips II op te klimmen ta hege posten, en ûntjoech er him ta ien fan 'e machtichste mannen yn it Spaanske Ryk.
don Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 27 oktober 1516 | |
berteplak | Chamusca (Portegal) | |
stjerdatum | 29 july 1573 | |
stjerplak | Madrid (Spanje) | |
dynasty | De Silva Fernández de Hijar Portugal | |
etnisiteit | Portegeesk | |
grutskathâlder fan Kastylje | ||
amtsperioade | 1556 – 1573 | |
prins fan Éboli hartoch fan Pastrana | ||
regear | 1556 – 1573 | |
hear fan Ulme en Chamusca | ||
regear | 1554 – 1573 |
Éboli waard yn 1516 berne yn it Portegeeske Chamusca, as de twadde soan fan dom Francisco da Silva, hear fan Ulme en Chamusca. Yn maart 1526, doe't er tsien jier wie, eskortearre er de infanta Isabella fan Portegal nei Sevilla ta, dêr't se troude mei Karel V, de kening fan Spanje. Éboli bleau yn Spanje as lid fan 'e Isabella har hofhâlding, en doe't hja yn 1527 it libben skonk oan Filips II, waard Éboli oansteld as paazje fan 'e jonge prins. Nettsjinsteande it feit dat se alve jier skeelden, ûntjoech him tusken Éboli en Filips in hechte freonskip.
Yn 1554, doe't syn âldere broer Jan ûntidich kaam te ferstjerren, urf Éboli de hearlikheden Ulme en Chamusca. Nei't Filips II yn 1556 op 'e Spaanske troan kommen wie, beleanne er syn freon troch him ferskate titels en lukrative amten ta te partsjen. Éboli waard doe ferheft ta prins fan Éboli en hartoch fan Pastrana, en teffens waard er oansteld as lid fan 'e steatsried, as opperkeamerhear fan 'e kening en as grutskathâlder fan Kastylje.
As riedshear en minister fan Filips II oefene Éboli hast tweintich jier lang in opmerklike ynfloed út op it regear fan Spanje en op it belied fan dat regear. Bûtenlânske ambassadeurs yn Spanje neamden him by túltsjes wol Rey Gomes II ("Kening Gomes II"). Hy wie de lieder fan 'e saneamde 'ebolistyske partij', ien fan 'e alles behearskjende partijskippen oan it Spaanske hof, wêrby't syn wichtichste politike tsjinstanner don Ferdinand Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva wie. De rivaliteit tusken de beide eallju kaam fuort út tsjinstelde opfettings oer de Spaanske steatsynrjochting, wêrby't Éboli in mear federalistyske steatsfoarm foarstie, wylst Alva alle macht sintralisearje woe ûnder in feriene monargy.
Foar de skiednis fan 'e Nederlannen wie Éboli noch sydlings fan belang om't er yn 1559 yn 'e mande mei Alva, Antoine Perrenot, hear fan Granvelle en biskop fan Atert, en Willem fan Oranje ien fan 'e fjouwer Spaanske gesanten wie dy't mei de Frânsen de Frede fan Cateau-Cambrésis sleaten. Éboli stoar yn 1573, yn 'e âlderdom fan 56 jier.
Op oanrieden fan Filips II ferloofde Éboli him yn 1552, doe't er 36 jier wie, mei de doe tolvejierrige Ana de Mendoza, de dochter fan Diego Hurtado de Mendoza y de la Cerda, prins fan Mélito en hartoch fan Francavilla. It houlik fûn plak op 18 april 1553. Éboli en syn bernebreid krigen njoggen bern:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.