From Wikipedia, the free encyclopedia
Saint-Lô, faak ek as Saint Laud oanjûn, is in Frânske stêd en prefektuer fan it departemint Manche yn de regio Normandje. It is de haadstêd fan it arrondisement mei deselde namme.
Saint-Lô | |
---|---|
Gemeentehûs | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Manche |
Sifers | |
Ynwennertal | 19 024 (2018) |
Oerflak | 23,19 km² |
Befolkingstichtens | 820 / km² |
Stêdekloft | 24 062 (2017) |
Hichte | 7-134 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 49° 06' 52" N 1° 05' 30" E |
Webside | Side Saint-Lô |
It histoaryske plak droech yn de romeinsk-gallyske tiid ynearsten de namme Briovère of ek Briovera, wat yn de Keltyske taal soksawat as "brêge oer de Vire" betsjut. Yn it jier 56 foar Kristus besetten de Romeinen ûnder oanfiering fan Quintus Titurius Sabinus it plak. De delsetting krige yn de 6e iuw de namme Saint Laud, neffens de namme fan biskop Laudo of Ladues fan Coutance, dy't yn Saint-Lô wenne en dêr ek begroeven waard.
Doe't op 6 juny de "Operation Overlord" begûn, fûnen de alliearden it needsaaklik om de foar de Dútsers wichtige stêd Saint-Lô te ferneatigjen. It slagge loftienheden net de befolking mei fluchskriften te warskôgjen en yn 'e nacht fan 6 op 7 juny waard Saint-Lô foar in grut part ferneatige, wêrby't 352 boargers omkamen. Op 17 july folgen bombardeminten fan de Dútsers, dy't harren posysje yn it suden fêst wisten te hâlden. In Amerikaanske trochbraak waard ynearsten beheind troch it net mear begeanbere gebiet en pas op 29 juny koe Major Howie mei de 29e divyzje oanfalle. Oant 24 july waard der noch yn de strjitten fan Saint-Lô fochten. Doe't der in ein oan de striid kaam wie 97% fan de stêd mei de grûn lyk makke. De stêd is ien fan de 64 Frânske plakken dy't ûnderskieden is mei de Légion d'honneur, de heechste eare-ûnderskieding fan Frankryk. Ek waard de stêd mei it Croix de Guerre ûnderskieden.
Samuel Beckett neamde de teheistere stêd yn in net útstjoerde radiorapportaazje foar de Ierske sender Éireann de "Capital of the Ruins". Utstellen om de stêd sa te litten en in pear kilometer fierder in hiele nije stêd op te bouwen koene net op meiwurking fan de gemeente en befolking rekkenje. Stadichoan waard de stêd wer opboud en kriichsfinzenen moasten dêrby helpe.
jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2011 | 2018 |
Ynwenners | 15.388 | 18.615 | 23.221 | 23.212 | 21.546 | 20090 | 18.874 | 19.024 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint-Lô fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.