Seksje (militêre ienheid)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In seksje is de op ien nei lytste militêre ienheid dy't der is. It is in ûnderdiel fan in peloton en kin sels wer opdield wurde yn twa of trije geweargroepen (ek bekend ûnder de Ingelske beneaming squads). In seksje bestiet ornaris út tweintich persoanen. Sa'n ienheid stiet ûnder lieding fan in ûnderofsier, almeast in sersjant. Histoarysk waard in seksje ek wol in 'healpeloton' neamd (en in peloton ek wol in healkompanjy)