Servatius
From Wikipedia, the free encyclopedia
Servatius fan Maastricht (neffens in oerlevering berne yn Armeenje of Palestina, wierskynliker is lykwols Galje, ferstoarn yn Maastricht of Tongeren) libbe yn de 4e iuw (of 5e iuw) en wie de earste histoarysk oanwiisbere biskop fan Nederlân. Neffens de oerlevering soe hy de njoggende of tsiende en lêste biskop fan Tongeren en earste fan Maastricht west ha. Servatius is patroanhillige fan de stêd Maastricht en ien fan de iishilligen. Syn feestdei is op 13 maaie. It grêf fan Servatius is yn de krypte fan de Sint-Servaasbasilyk yn Maastricht te finen.
Fluch de feiten
Servatius | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 4e iuw | |
berteplak | Galje (?) | |
stjerdatum | 384 | |
stjerplak | Maastricht | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 13 maaie | |
attributen | Kaai | |
patroan fan | Maastricht; Saint-Servais (Belgje); Quedlinburg (Dútslân) de abdij van Tongeren; bisdom Worms |
Slute