Sint-Stefanuskleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sint-Stefanuskleaster (Armeensk: Սուրբ Ստեփանոս վանք; Maghardavank Մաղարդավանք; Perzysk: کلیسای استفانوس مقدس, Azerbeidzjaansk: مؤقدس ایستیپانوس کیلیساسی, ) is in Armeensk kleaster op likernôch 15 kilometer ten noarden fan de stêd Jolfa yn de noardwestlike Iraanske provinsje East-Azerbeidzjan.
It kleasterkompleks leit yn in djippe kleau oan de Aras-rivier op de Iraanske kant fan de grins tusken de autonome republyk Nachitsjevan en Iran. It waard yn de 9e iuw boud en yn it tiidrek fan de dynasty fan de Safaviden nei ferskate ierdskoddings op 'e nij oplutsen.