Sintraal stasjon
From Wikipedia, the free encyclopedia
In sintraal stasjon is in treinstasjon dêr't by de oanlis de spoarlinen byelkoar brocht binne dy't earder eigen kopstasjons hienen. Dêrmei is in sintraal stasjon ornaris ek in haadstation, mei gefolch dat somtiden ek in haadstasjon oantsjut wurdt as sintraal stasjon. Yn Fryslân binne gjin stasjons sa oanlein; at Stasjon Ljouwert oantsjut wurdt as "Ljouwert CS", dan wurdt yndie doele op de status fan haadstasjon.
Mei om't oan in stasjon letter net mear te sjen is of it oanlein is as sintraal stasjon, is de Nederlandse Spoorwegen der in 1997 op oer gongen om stasjons mei mear as fjirtichtûzen yn- of útstappers deis de oantsjutting "sintraal" (Centraal) te jaan. Dat, dêrmei is dat in oantsjuting fan in drok stasjon wurden.
Nederlân telt yn 2023 acht sintrale stasjons:
- Amsterdam Sintraal (sûnt 1889)
- Utert Sintraal (sûnt 1909)
- Rotterdam Sintraal (sûnt 1954)
- De Haach Sintraal (sûnt 1975)
- Leien Sintraal (sûnt 1997)
- Arnhim Sintraal (sûnt 2015)
- Amersfoart Sintraal (sûnt 2019)
- Eindhoven Sintraal (sûnt 2019)