From Wikipedia, the free encyclopedia
Skarsterbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken De Jouwer en Sint Nyk. It doarp hat likernôch 710 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Skarsterbrêge diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl.
Skarsterbrêge | |
---|---|
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2004) | 710 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 46' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8517 |
Webstee | {{{webstee}}} |
As in lytse koloanje is Skarsterbrêge yn de 18e iuw ûntstien as útbuert fan Ouwsterhaule en Ouwster-Nijegea op de Skarren, op de krusing tusken in dyk en in feart. Dit wetter rint fan de Tsjûkemar nei de Langwarder Wielen. Ter hichte fan de skarren (in gebiet dat boeren mienskiplik brûkten om fee te weidzjen) waard it doarp boud. Lange tiid waard Skarsterbrêge dan ek De Skarren neamd. Yn 1888 waard de Skarremole boud.Yn de 18de iuw waard, ter ferfanging fan in drûchfallen feart, de Skarster Rien groeven foar de turffeart. Yn de Skarren moast in (tol)brêge komme foar de krúsende dyk.
Yn 1911 waard it alfte fabryk fan it Súd-Hollânske suvelkonsern N.V. Hollandia yn Skarsterbrêge boud. Hoewol dit byldbepalende fabryk tusken 1929 en 2002 fan Nestlé hiet, hjit de haadstrjitte fan it doarp noch altyd Hollandiastrjitte. Earste helte 20e iuw bestie Skarsterbrêge allinnich út dy strjitte mei dêroan in tsjerke en in pear pleatsen njonken it fabryk en syn rige arbeidershúskes fan griis en rôze kalksânstien, dy't it byld fan it doarp bepale.
Oan de Sint Nykster kant fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De protestanske tsjerke is yn 1914 troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapenséa ûntworpen yn in behearste Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan kuenstner Willem Brouwer út Leiderdorp.
Njonken de Skarremole steane by it doarp ek noch twa wynmotors, in lytse en in wat gruttere. Byldbepalend yn de Hollandiastrjitte is in rige arbeiderswenten út begjin 20e iuw. East fan it fabryk leit hjoed de dei in nijbouwyk mei dêryn in fiiftal strjitten. De âldste twa strjitten besteane hast hielendal út rychjeshuzen, wylst de nijere strjitten (boud nei de jierren 1990) hast allinnich út frijsteande huzen bestean. Yn de nijste strjitte (Trijegea) wennet men teffens oan it wetter fan de Skarster Rien.
Skarsterbrêge hat in eigen basisskoalle De Brêge, tankstasjon en slachter. Der is alle jierren in doarpsfeest.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.