Skiednis fan Sina
From Wikipedia, the free encyclopedia
De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant de Tibetaanske heechflakte, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de Gobywoastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten ôf. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.
Mear ynformaasje Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen ...
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Slute