Star Wars: The Clone Wars (telefyzjesearje út 2008)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: The Clone Wars is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2008 oant en mei 2014, mei noch in lêste seizoen yn 2020. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer. Star Wars: The Clone Wars waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy en folge op 'e lange animaasjefilm Star Wars: The Clone Wars, dy't eins as pilotôflevering foar de searje fungearre. De searje wie in reboot fan 'e eardere tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars út 2003-2005.
Star Wars: The Clone Wars | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | George Lucas | |
ûntwikkele troch | George Lucas | |
produsint | Cary Silver (seiz. 1–6) Caroline Kermel (seiz. 7) | |
útfierend produsint | George Lucas (seiz. 1–6) Catherine Winder (seiz. 1–3) Dave Filoni (seiz. 7) | |
regisseur(s) | Dave Filoni (tafersjochhâld. reg.) | |
senario | Dave Filoni Steven Melching Katie Lucas Christian Taylor Drew Z. Greenberg Henry Gilroy Cameron Litvack Matt Michnovetz Paul Dini | |
basearre op | de Star Wars-prequeltrilogy | |
muzyk | Kevin Kiner | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm Lucasfilm Animation Polygon Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. TV Distr. (s. 1–5) Trifecta Entertainment & Media (seiz. 5) Disney-ABC Domest. TV (s. 6) Disney Platform Distr. (seiz. 7) | |
spilers | ||
haadrollen | Matt Lanter James Arnold Taylor Ashley Eckstein Tom Kane Sam Witwer Matthew Wood Dee Bradley Baker | |
voice-over | Tom Kane | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | militêre science fiction fantasy aksje aventoer | |
seizoenen | 7 | |
jierren | 2008 – 2014 en 2020 | |
tal ôfl. | 133 | |
spyltiid (ôfl.) | 19–26 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 5× Emmy Award 1× Annie Award | |
webside | www.starwars.com/tv-shows/star-wars-the-clone-wars | |
besibbe searjes | Star Wars: Clone Wars (2003) Star Wars: Rebels Star Wars: The Bad Batch |
- Net te betiizjen mei Star Wars: Clone Wars, in oare Star Wars-tekenfilmsearje út 2003.
De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: De Kloaneoarloggen". De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker, Obi-Wan Kenobi en Ahsoka Tano yn 'e Kloane-oarloggen, in troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious beävensearre konflikt dat it hiele Stjerrestelsel yn gaos en geweld weisakje lit. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: The Clone Wars pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. Yn totaal waarden der 133 ôfleverings makke. Star Wars: The Clone Wars wûn fiif Emmys en in Annie Award.