Steaftsjerke fan Vang
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Steaftsjerke fan Vang is in tsjerkegebou yn it Poalske Sileezje. De tsjerke is oarspronklik ôfkomstich út it Noarske doarp Vang en waard yn 1841 kocht troch kening Freark Willem IV fan Prusen. Ynearsten waard de tsjerke nei Stettin (Szczecin) brocht, dêrnei nei Berlyn en lang om let nei Sileezje, dêr't de tsjerke yn 1844 opboud waard foar de lutherske gemeente fan Krummhübel (tsjintwurdich Karpacz). De tsjerke waard oarspronklik boud tsjin it ein fan de 12e iuw of it begjin fan de 13e iuw.
Fluch de feiten
Steaftsjerke fan Vang | ||
Steaftsjerke fan Vang yn Karpacz Poalen. | ||
Lokaasje | ||
lân | Poalen | |
woiwodskip | Neder-Sileezje | |
plak | Karpacz | |
adres | ul. Na Śnieżkę 8 | |
Arsjitektuer | ||
boujier | ± 1200 | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
Slute