Suderseemuseum
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Suderseemuseum is in museum yn Inkhuzen dat oprjochte is yn 1949. It waard yn 't earstoan oprjochte om de fiskerijkultuer fan de plakken om de Sudersee út de perioade 1880-1932 fêst te lizzen, mar men hat no as doelstelling om Nederlânske keunst, kultuer en erfgoed, op de grins fan lân en wetter, sjen te litten. It museum bestiet út in gebou en in museumpark. Fan it parkearplak is it museum mei in boat te berikken.
Bûtendoar is it Suderseemuseum in kuierpark mei autentike âlde pânnen út it eardere Suderseegebiet. Sa binne der in mûne, in kalkûne, tsjerkje, in klompmakkerij, in skoalle, in kapper, in ielrikkerij, in snobbersguodwinkelsje, haventsje, dêr't wat âlde boaten lizze, sa as in botter.
Binnendoar hat it museum tydlike tentoanstellingen en is der skippehal mei echte (fiskers)boaten. It gebouwekompleks fan it binnenmuseum is yn besit fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).