From Wikipedia, the free encyclopedia
De Swartfuotten of Sihasapa (Ingelsk: Blackfoot, útspr.: ['blækfut]; Lakota: Sihásapa, útspr.: [si'ha:sapa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e Sû, in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en dêr wiene de Swartfoet-Lakota ek by belutsen. Hja moatte net betize wurde mei it net mei harren besibbe en folle bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten, dat yn 'e Amerikaanske steat Montana en oangrinzgjende dielen fan Kanada wennet.
De eigen namme fan 'e Swartfoet-Lakota, Sihásapa, kin oerset wurde as "Dy't Swarte Fuotten Hawwe". Mei de Hûnkpapa, in oare substamme fan 'e Lakota, binne de Swartfuotten it naust besibbe, en tegearre wurde de beide substammen wol oantsjut as de Noardlike Lakota.
Hjoed de dei libje de Swartfoet-Lakota frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Minnikonzjû, de Sâns Arks en de Twatsjettels, foarmje de Swartfuotten de federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen reservaat yn 'e foarm fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't in grut part fan 'e Swartfuotten tsjintwurdich noch altiten libbet.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.