![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/29/Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_07_Zwetteplan.svg/langfy-640px-Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_07_Zwetteplan.svg.png&w=640&q=50)
Swetteplan
From Wikipedia, the free encyclopedia
Swetteplan is in wenwyk binnen de stêd Snits yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De wyk telt (yn 2008) 1920 ynwenners en hat in oerflakte fan 58 hektare (wêrfan 2 hektare wetter). De wyk is neamd nei de neistlizzende rivier de Swette. De wichtichste trochgeande strjitte yn de wyk is de Hugo de Grootstrjitte. De strjitten binne meast neamd nei Nederlânske steatslju.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/29/Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_07_Zwetteplan.svg/320px-Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_07_Zwetteplan.svg.png)
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk De Lotten, yn it easten oan de wyk Stedsfinne, yn it suden oan de wyk Noardeasthoeke en yn it westen oan de wyk Noarderhoeke II. De begrinzing fan de wyk wurdt foarme troch de Swette (eastlik), de Goeman Borgesiusleane (súdlik) en it Spoar fan Ljouwert nei Starum (westlik).