Syrus de Jongere
From Wikipedia, the free encyclopedia
Syrus de Jongere (yn Mesopotaamje?, nei 424 f.Kr. – Kûnaksa, 3 septimber 401 f.Kr.) wie in prins fan it Achaimenidyske Perzyske Ryk en in jongere broer fan 'e Perzyske kening Artakserkses II. Hy waard ferneamd yn 'e skiednis fan 'e Aldheid fan it Heine Easten om't er it tsjin syn broer yn 'e kant sette en besocht himsels foar Artakserkses yn 't plak op 'e troan te bringen. Dêrta loek er leger gear dat foar in diel bestie út in kloft Grykske hierlingen. Yn 'e Slach by Kûnaksa, yn it hert fan it Perzyske Ryk, kaam Syrus lykwols om. De Griken, dy't neitiid bekend kamen te stean as de Tsientûzen, moasten har doe in wei nei de kust fan 'e Swarte See fjochtsje, in barren dat letter troch ien fan harren lieders, Ksenofon, fêstlein waard yn syn boek de Anabasis.
Syrus de Jongere | ||
![]() | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | nei 424 f.Kr. | |
berteplak | Mesopotaamje? | |
stjerdatum | 3 septimber 401 f.Kr. | |
stjerplak | Kûnaksa (Mesopotaamje) | |
dynasty | Achaimeniden | |
etnisiteit | ![]() | |
satraap fan Lydje, Frygje, Kappadoasje en Ioanje | ||
amtsperioade | 4?? f.Kr. – 401 f.Kr. |