Súdpoalsirkel
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Súdpoalsirkel is de parallel op likernôch 66° 33′ 39″ suderbreedte. It is ien fan de fiif parallellen mei in bysûndere stjerrekundige betsjutting. It gebiet besuden fan de sirkel is it súdpoalgebiet, it gebiet fuort benoarden de poalsirkel is de súdlike evenredich-klimaatsône. De oare poalsirkel is de Noardpoalsirkel op it noardlik healrûn.
De Súdpoalsirkel jout it noardlikste part fan de poalnacht en de poaldei oan fan it súdlik healrûn. Yn de simmer giet de sinne om 21 desimber hinne in dei net mear ûnder, de poaldei. Hoe fierder nei it suden, hoe mear nachten de sinne net ûndergiet. Yn de winter sil de sinne hjir om 21 juny hinne yn elts gefal ien dei net boppe de eachein komme. Ek hjir jild dat hoe mear nei it suden, hoe langer de sinne net opkomt. Dit barren hat alle kearen plak mei de sinnekear.
Troch de foarm fan de Ierde is de súdpoalsirkel net wier in sirkel, mar de sirkel dy't der mei oerienkomme soe at de Ierde in bol wie, soe in lytssirkel wêze, dat oarnaris wurdt de poalsirkel beskôge as in lytssirkel.