Tam o' shanter (holdeksel)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De tam o' shanter (útspr.: [tæm ə 'ʃæntər], likernôch "temme sjenter") is in tradisjoneel Skotsk holdeksel dat ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht. De namme is ûntliend oan 'e lyknammige haadpersoan fan it ferneamde gedicht Tam o' Shanter, út 1790, fan 'e grutte Skotsktalige dichter Robert Burns. De tam o' shanter is ien fan trije holdeksels dy't troch manlju yn Skotske klaaiïng droegen wurde kinne, mar oars as de glengarry en de Balmoral-baret wurdt de tam o' shanter benammen droegen ûnder ynformele omstannichheden; dit holdeksel wurdt yn 'e regel as ûngaadlik beskôge foar formele gelegenheden.