Teodoarik de Grutte
From Wikipedia, the free encyclopedia
Teodoarik de Grutte of ek wol Diderik de Grutte (454 – 30 augustus 526) wie kening fan de Ostrogoaten. Nei de dea fan syn heit Teodemir yn 474 nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer Zeno wie hy generaal en dizze beneamde him yn 484 ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy Itaalje en stifte der in Ostrogoatysk ryk. Hy besocht de Romeinske befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong Germaansk folk, mar slagge der net yn.