Teyebuorren
From Wikipedia, the free encyclopedia
Teyebuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Teyebuorren leit noardlik fan Hantum, noardeastlik fan Holwert, noardwestlik fan Ternaard en besuden de Waadsee. Teyebuorren leit yn de himrik fan Ternaard.
De bebouwing fan de buorskip leit oan in koart syddykje lâns de Holwerterdyk (N358). De buorskip hat in lytse kearn fan fjouwer gebouwen; wêrfan 3 húzen en 1 pleats.