The Beatles
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Beatles wie in popgroep út Liverpool. Se wurde beskôge as de meast ynfloedrike band út de skiednis.
De moeting tusken John Lennon en Paul McCartney op 6 july 1957 wurdt beskôge as it begjin fan de meast súksesfolle popgroep oait. John Lennon (16) spilet mei de troch him oprjochte band de Quarry man op in festival yn Woolton, Liverpool, dêr't Paul McCartney (15) nei hinne komt te sjen. Paul sjongt en spilet al in soad ferskes en hy kin gitaar stimme. Hy wurdt by de groep frege. In heal jier letter op 6 febrewaris 1958 noadet Paul syn freon George Harrison út, hy kin noch better gitaarspylje. Se krije op it poadium de nedige ûnderfining as Johnny and the Moondogs. Stuart Sutcliff dy’t basgitaar spilet komt mei de namme: The Beetles. John stelt foar om fan de ee in ea te meitsjen. Dit slacht dan op beat muzyk. Sa is de band en de namme berne.