The English Patient (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The English Patient is in Britsk-Amerikaanske histoaryske romantyske oarlochsfilm út 1996 ûnder rezjy fan Anthony Minghella, mei yn 'e haadrollen Ralph Fiennes, Kristin Scott Thomas en Juliette Binoche. De titel betsjut "De Ingelske Pasjint". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Michael Ondaatje út 1992. It ferhaal giet oer in slim ferbrânde pasjint dy't oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in âld kleaster yn Itaalje fersoarge wurdt troch in legerferpleechster. De man liedt oan ûnthâldsferlies, mar fynt by stikjes en bytsjes syn oantinkens werom en fertelt de ferpleechter fia in rige flashbacks oer de dramatyske românse dêr't er foar de oarloch yn behelle rekke. The English Patient krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn 9 Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film; 2 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm; en 6 BAFTA's.
The English Patient | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Anthony Minghella | |
produsint | Saul Zaentz | |
senario | Anthony Minghella | |
basearre op | de roman fan Michael Ondaatje | |
kamerarezjy | John Seale | |
muzyk | Gabriel Yared | |
filmstudio | Tiger Moth Productions | |
distribúsje | Miramax Films | |
spilers | ||
haadrollen | Ralph Fiennes Kristin Scott Thomas Juliette Binoche | |
byrollen | Willem Dafoe Colin Firth Naveen Andrews Julian Wadham Kevin Whately | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 15 novimber 1996 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske romantyske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Arabysk, Dútsk en Italjaansk) | |
spyltiid | 162 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $31 miljoen | |
opbringst | $232 miljoen | |
prizen | 9× Oscar 2× Golden Globe 6× BAFTA |