The Karate Kid (film út 2010)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Karated Kid is in Amerikaansk-Sineesk-Hongkongsk sportdrama út 2010 ûnder rezjy fan Harald Zwart, mei yn 'e haadrollen Jaden Smith en Jackie Chan. De titel betsjut "De Karatejonge", hoewol't de film eins net oer karate giet, mar oer kung fu. De eins dus mispleatste titel wurdt ferklearre út it feit dat it om in remake giet fan 'e klassike sportdramafilm The Karate Kid, út 1984. It ferhaal folget de jonge Dre Parker, dy't mei syn mem Sherry nei Sina emigrearret, dêr't er yn konflikt rekket mei in stikmannich Sineeske leeftydsgenoaten dy't him narje en kung fu brûke om him te mishanneljen. Dre kriget help fan 'e konsjerzje fan it appartemintekompleks dêr't hy en syn mem wenje, menear Han. Dy traint him foar in kung fu-toernoai, sadat er yn in behearske sitewaasje mei syn narders ôfweve kin. The Karate Kid krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
The Karate Kid | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Harald Zwart | |
produsint | Jerry Weintraub Will Smith Jada Pinkett Smith James Lassiter Ken Stovitz | |
senario | Christopher Murphey | |
basearre op | The Karate Kid (film út 1984) | |
kamerarezjy | Roger Pratt | |
muzyk | James Horner | |
filmstudio | Columbia Pictures Overbrook Entertainment Jerry Weintraub Productions China Film Group Corporation | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing (ynternasj.) EDKO (Sina en Hongkong) | |
spilers | ||
haadrollen | Jaden Smith Jackie Chan | |
byrollen | Han Wenwen Wang Zhenwei Taraji P. Henson Yu Ronguang | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() ![]() | |
premiêre | 11 juny 2010 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdrama | |
taal | meast Ingelsk, ek Mandarynsk | |
spyltiid | 140 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $358,7 miljoen |