The King and I (film út 1956)
film / From Wikipedia, the free encyclopedia
The King and I is in Amerikaanske romantyske histoaryske filmmusical en komeedzjedramafilm út 1956 ûnder rezjy fan Walter Lang, mei yn 'e haadrollen Deborah Kerr en Yul Brynner. De titel betsjut "De Kening en Ik". It is in ferfilming fan 'e toanielmusical fan Rodgers en Hammerstein mei deselde namme út 1951. Dy wie basearre op 'e roman Anna and the King of Siam fan Margaret Landon út 1944, dy't sels wer tebek gie op 'e memoires fan Anna Leonowens. De film folget de Leonowens, in Ingelse, dy't yn 'e 1860-er jierren troch kening Mongkut fan Siam (no Tailân) oansteld wurdt as gûvernante foar syn bern en leararesse foar syn froulju.
The King and I | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Walter Lang | |
produsint | Charles Brackett | |
senario | Ernest Lehman | |
basearre op | ● Anna and the King of Siam fan Margaret Landon ● de toanielmusical fan Rodgers & Hammerstein | |
kamerarezjy | Leon Shamroy | |
muzyk | Richard Rodgers (muzyk) Oscar Hammerstein II (lietteksten) | |
filmstudio | 20th Century Fox | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Deborah Kerr Yul Brynner | |
byrollen | Rita Moreno Terry Saunders Martin Benson Patrick Adiarte | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 28 juny 1956 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | romantysk histoarysk komeedzjedrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 144 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $4,6 miljoen | |
opbringst | $21,3 miljoen | |
prizen | 5 × Oscar 2 × Golden Globe |
Hoewol't it in histoaryske film is dy't yn grutte halen wier bard is, wurde de toansetting en beskate eleminten, lykas de ôfskildering fan Mongkut as in polkadûnsjende despoat, yn it moderne Tailân as misledigjend beskôge, sadat The King and I dêr nea te sjen west hat. Fan 'e Westerske filmkritisy krige de film lykwols rûnom lof taswaaid en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. The King and I waard nominearre foar njoggen Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en wûn dêrfan fiif. De film wûn ek twa Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. Tsjintwurdich wurdt de film beskôge as in wiere klassiker. Yn 2021 waard bekendmakke dat der wurke wurdt oan in remake fan 'e The King and I.