The New Yorker
From Wikipedia, the free encyclopedia
The New Yorker is in Amerikaansk opinyblêd dat ienris yn 'e wike útkomt, 47 kear yn it jier (dus fiif kear foar twawyklikse perioaden). It blêd waard yn 1925 oprjochte en stiet bekend om syn heechsteande sjoernalistyk. Omreden fan syn ferfyndheid wurdt The New Yorker rûnom beskôge as in blêd dat rjochte is op 'e maatskiplike elite. It tydskrift befettet artikels oer de aktualiteit en eftergrûnen, kommentaar, resinsjes fan boeken, films, tillefyzjesearjes en toanielstikken, essays, koarte ferhalen, fúljetons, poëzij, satire en cartoons. The New Yorker wurdt, oars as de namme suggerearret, ek in protte bûten New York lêzen, sawol yn 'e Feriene Steaten as om utens. It tydskrift wurdt útjûn troch Condé Nast, in ûnderdiel fan Advance Publications.
The New Yorker | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | opinyblêd | |
frekwinsje | 1 × yn 'e wike (47 x jiers) | |
bestean | 1925 – no | |
oprjochter | Harold Ross en Jane Grant | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Condé Nast | |
oplaach | 1.232.000 (2019) | |
ISSN | 0028-792X | |
offisjele webside | ||
www.newyorker.com |
- Net te betiizjen mei New York, in oar Amerikaansk tydskrift.