![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/14/US-Timezones.svg/langfy-640px-US-Timezones.svg.png&w=640&q=50)
Tiidsônes yn de Feriene Steaten
From Wikipedia, the free encyclopedia
Om't it lân sa grut is, besteane der ferskate tiidsônes yn de Feriene Steaten. Under de Amerikaanske wet is it lân yndield yn njoggen standerttiidsônes dy't sawol alle Amerikaanske steaten as de oerseeske territoaria beslane. It meastepart fan 'e Feriene Steaten hat dêrnjonken ek noch ferskillende simmertiidsônes. De grinzen tusken de ûnderskate tiidsônes en it neilibjen fan 'e simmertiid wurdt regulearre troch it Amerikaanske Ministearje fan Transport. Offisjele en tige sekuere klokken binne yn gebrûk by twa Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes, it Nasjonaal Ynstitút foar Standerdisaasje en Technology (NIST), dat in ûnderdiel is fan it Amerikaanske Ministearje fan Hannel, en it Amerikaanske Marine-Observatoarium (USNO), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Marine, dy't ûnder it Ministearje fan Definsje ressortearret. De klokken fan dy beide organisaasjes wurde oanhâldend syngronisearre, sawol mei inoar as mei klokken fan ynternasjonale tiidbewekkingsautoriteiten.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/14/US-Timezones.svg/640px-US-Timezones.svg.png)