Tommelyske
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tommelyske, yn it oarspronklike Deensk: Tommelise (Nederlânsk: Duimelijntje; Ingelsk: Thumbelina), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Andet Hefte ("Mearkes, Ferteld foar Bern: Oarde Boek"), yn 'e mande mei twa oare mearkes (De Kweajonge en De Selskipsman). Tommelyske is ien fan Andersen syn bekendere mearkes, en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Fluch de feiten
Tommelyske | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Tommelise | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1835, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | Eventyr, Fortalte for Børn: Andet Hefte | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Tommelyske | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
Slute