Tsjûge (rjocht)
From Wikipedia, the free encyclopedia
In tsjûge, of mei in (yn it Frysk ynboargere rekke) hollanisme in getuge, is immen dy't relevante kennis hat, of tinkt te hawwen, of troch oaren ûndersteld wurdt te hawwen, oangeande in barren dat op 't aljemint komt yn in ûndersyk nei in misdriuw en/of yn in rjochtsaak. Sokken wurde befrege troch de plysje (of in oare ûndersykjende ynstânsje) en tsjûgje (of getuge) yn it bywêzen fan 'e rjochter (en yn lannen mei sjueryrjochtspraak ek yn it bywêzen fan 'e sjuery), wylst se ûnder de eed steane. Wat se yn sa'n sitewaasje fertelle, hjit in tsjûgenis (of getugenis). As se lige wylst se ûnder de eed steane, dogge se meineed, wat in misdriuw is dat bestraft wurde kin mei finzenisstraf. Yn Nederlân komt it, benammen yn it strafrjocht, faak foar dat in tsjûgenis skriftlik ôflein wurdt.