It Tsjûkotka-skiereilân of Tsjûksjenskiereilân (Russysk: Чукотский Полуостров, Čukotskij Poluostrov) is in Russysk skiereilân, dat yn it uterste easten fan Sibearje nei it easten ta útstiket. Mei it Seward-skiereilân, oan 'e westkust fan Alaska, foarmet it de skieding tusken de Beringsee yn it suden en de Tsjûktsjensee yn it noarden (dy't diel útmakket fan 'e Noardlike Iissee). De see-ingte tusken de beide skiereilannen yn is de Beringstrjitte.
Bestjoerlik heart it Tsjûkotka-skiereilân ta it autonome gebiet Tsjûkotka. Hoewol't Russyske kolonisten der no yn 'e mearderheid binne, wurdt it gebiet fan âlds bewenne troch ferskate lânseigen folken, wêrûnder de Tsjûktsjen (dêr't it nei ferneamd is), de Sibearyske Inûyt en Tsjûvanen. Dy libben dêr tradisjoneel fan 'e fiskerij en de rindierhâlderij.
It Tsjûkotka-skiereilân leit oan 'e Noardeastlike Passaazje, de seerûte troch de Noardlike Iissee fan Jeropa nei it Fiere Easten. Under de Sovjet-Uny wie dit ôfhandige diel fan it lân de lokaasje fan ferskate ynternearringskampen foar dissidinten. De pleatslike ekonomy stipet tsjintwurdich op 'e mynbou (tin, lead, sink, goud en stienkoal), de jacht, de rindierfokkerij en de fiskerij.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.