From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bell UH-1 Iroquois is in mearsidige militêre helikopter mei de bynamme "Huey" – in ferbastere ôfkoarting fan Helicopter Utility – en dy't bekend waard fan de Fjetnamoarloch. It tastel is wrâldwiid brûkt by militêre operaasjes en tal fan oare doelen.
UH-1 Iroquois Huey | |
---|---|
Rol | Multyfunksjonele militêre helikopter |
Makker | Bell Helicopter |
Earste flecht | 20 oktober 1956 (XH-40) |
Yn tsjinst | 1959 |
Ut tsjinst | Beheind militêr gebrûk |
Tal makke | >16.000 (1956–1987) |
Grutste brûkers | United States Army, Japan Ground Self-Defense Force, Australian Army |
Farianten | Bell UH-1N Twin Huey, Bell 204/205, Bell 212 |
Yn de rin fan jierren waarden twa ferzjes fan it tastel útbrocht; de 1 motorige modellen 204 en 205 en de 2 motorige modellen 212 en 412. Boppedat wiene der tsientallen farianten op de ferzje mei ien motor.
De Huey waard by de US Army ferfongen troch de UH-60 Black Hawk. It Amerikaanske Korps Mariniers (USMC) fleach der noch in tal jierren mei oant ek dêr de UH-60 oanskaft waard.
Fan 2004 ôf wurdt de Huey net mear brûkt troch de Amerikaanske striidkrêften. De nije UH-1Y 'Venom' tsjinnet fan 2008 ôf oan by it USMC.
Yn guon lannen wurdt it tastel noch militêr brûkt, mar hat hjoed-de-dei dochs meast sivile taken.
Ek yn Nederlân hat de Huey flein; fan 1962-1977 fleach de UH-1B by de Marine Loftfearttsjinst by de squadrons 1 en 7. Fan 1994 ôf binne trije yn Italië yn lisinsje makke Agusta Bell AB412SP’s (Huey II) yn gebrûk by de Keninklike Loftmacht foar it útfieren fan search and rescue-taken (SAR) fanôf de fleanbasis Ljouwert. Dy helikopters hawwe oars in rotor mei fjouwer blêden.
De Dútske lânmacht (Heeresflieger) fljocht noch mei de UH-1D en de loftmacht (Luftwaffe) brûkt him foar SAR-taken.
Gegevens | HU-1A Iroquois (Modell 204) | UH-1H (205A-1) |
---|---|---|
Oandriuwing | ien Lycoming T53-L1 (522 kW/700) | ien Avco Lycoming T53-L-13 (1.044 kW) |
Topfaasje | ? | 220 km/o (om de 120 knp) |
Krúsfaasje | 177 km/o | 165 km/o (90 knp) |
Fleanberik | sa'n 338 km | sa'n 507 km |
Tankynhâld | ? | 833 liter (666 kg) |
Tsjinstplafond | ? | 4.145 m |
Sweeffleanhichte | boppe de 4.267 m (mei grûneffekt) | ? |
Gewicht leech | ? | 2.140 kg |
Maks gewicht by start | 2.631 kg | 4.310 kg |
Piloaten | 1–2 | 1–2 |
Passazjiers | 6 | maks 12 |
Romplingte | 12,07 m | 12,77 m |
Lingte totaal | ? | 17,41 m |
Rotorlingte | 13,41 m | 14,63 m |
Technyske gegevens HU-1A Iroquois (Model 204) út Flight Magazin, 1960.[1]
De Huey-typen koene standert bewapene wurde mei:
Dizze wapens koene troch de bemanning yn alle rjochtingen betsjinne wurde. De GAU17A koe troch de piloat betsjinne wurde, mar allinne nei foaren sjittend.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.