Koördinearre Wrâldtiid

From Wikipedia, the free encyclopedia

Koördinearre Wrâldtiid of UTC is in universele tiidskaal mei in werjefte yn 24-oers notaasje sûnder punten en sûnder oantsjuttings as "n.m." of yn it Ingelsk "am"/"pm". Oars as wat gauris tocht wurdt, is de namme "UTC" net in ôfkoarting fan de standardnamme. De standaertnammen binne it Ingelske "Coordinated Universal Time" en it Frânske "Temps universel coordonné". De namme en de ôfkoarting bine yn 1967 fêststeld.

Koördinearre Wrâldtiid is ien fan de foarmen fan Wrâldtiid, ôfkoarting UT, dy't de ferskate foarmen fan GMT (Greenwich Mean Time) ferfongen. De tiidskaal is opboud út SI-sekonden, mar wurdt troch skrikkelsekonden lykhâlden mei astronomyske tiid, UT1.