From Wikipedia, the free encyclopedia
Ulbe van Houten (Boksum, 23 maart 1904 - Sint-Anne, 22 maart 1974) wie in Frysk skriuwer.
As arbeiderssoan en jongste fan fjouwer bern gie er nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Yn 1922 waard er beneamd as ûnderwizer oan de kristlike De Slotskoalle yn Sint Anne. Letter waard hy learaar oan de MULO yn dat plak. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út Froubuorren. Sadwaande hearden de fiif bern yn de húshâlding Van Houten thús twa talen, mem prate Biltsk mei har en heit Frysk.
Syn earste Fryske boek skreaun er yn 1936. Syn literêre neilittenskip bestiet út ien roman, in ferhalebondel en twa novelles. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn De Hillige Histoarje yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach de grifformearde Van Houten as syn libbenswurk. Yn 1955 krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.
As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e bibelboeken Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri, Deuteronomium, Jozua, Rjochters, Ruth, 1 en 2 Samuël, 1 en 2 Keningen, Ester, Psalmen, Spreuken, Preker, Heechliet en Kleilieten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.