De útspraak fan wurden troch in persoan is de wize hoe’t de persoan de wurden klinke lit as er dy útsprekt. In wurd kin op ferskillende wizen útsprutsen wurde troch ferskate persoanen, ôfhinklik fan mannich faktoaren, lykas de tiid hoenear en it plak wêr’t se opgroeiden, it gebiet dêr’t se no wenje, de sosjale klasse en it ûnderwiis.

Dizze side giet oer de klank fan wurden. Foar eat spesifyks dat immen seit, sjoch: sitaat.

Taalkundige terminology

Hoe’t in persoan in wurd útsprekt hinget yn it foarste plak ôf fan de basisienheden fan it lûd (phones) dy’t de persoan brûkt yn syn taal. De tûke fan linguïstyk dy’t it aard en produksje fan lûden yn de taal bestudearret is de fonetyk.

De stúdzje fan taalkundige ienheden yn it sprutsen wurd (dy’t fonemen neamd wurde) hjit fonology. De fonology groepearret de klanken nei har funksje yn in taal, en hâldt har, yn tsjinstelling ta de fonetyk, net dwaande mei de ferskillen yn útspraak salang’t wurden gjin oare betsjutting krije.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.