Wâld
gebiet wêrfan't de begroeiïng benammen bestiet út beammen yn in dominante beammelaach / From Wikipedia, the free encyclopedia
In wâld is in grut gebiet wêrfan't de begroeiïng benammen bestiet út beammen yn in dominante beammelaach, mei leger by de grûn in ûndergroei besteande út strewelleguod (de strûkelaach) en krûden (de krûdelaach). Wâlden binne rike biotopen, dêr't in grut ferskaat oan floara en fauna foarkomt. In lyts of relatyf lyts wâld wurdt ek wol in bosk neamd. Wat krekt as 'wâld' kwalifisearre wurdt, ferskilt, mei't der wrâldwiid hûnderten ûnderskate definysjes foar dit begryp yn gebrûk binne, op basis fan beamtichtens, beamhichte, lângebrûk, wetlike bepalings en ekologyske funksjes. Yn Nederlân wurdt in bosk neffens de Boskwet offisjeel omskreaun as in gebiet fan 10 are dat út beplanting mei beammen bestiet. Rekkene neffens de faak brûkte definysje fan 'e Fiedsel- en Lânbou-organisaasje (FAO) fan 'e Feriene Naasjes oerdieken wâlden yn 2006 sa'n 40 miljoen km² fan it lânoerflak fan 'e Ierde. Dêrmei is wâld it oerhearkjende ekosysteem op drûch lân. It komt yn alle dielen fan 'e wrâld foar, útsein yn it poalgebiet. It nimt 75% fan 'e bruto primêre produksje fan 'e biosfear fan 'e Ierde foar syn rekken en omfiemet 80% fan 'e totale biomassa fan 'e Ierde.