W.C. Fields
From Wikipedia, the free encyclopedia
W.C. Fields, pseudonym fan William Claude Dukenfield (Darby, Philadelphia (Pennsylvania), 29 jannewaris 1880 - Pasadena (Kalifornje), 25 desimber 1946) wie in Amerikaansk komyk, jongleur en akteur.
W.C. Fields | ||
akteur | ||
W. C. Fields foar CBS Radio, 1938 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Claude Dukenfield | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 jannewaris 1880 | |
berteplak | Philadelphia | |
stoarn | 25 desimber 1946 | |
stjerplak | Pasadena | |
jierren aktyf | 1898–1946 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Fields rûn mei 11 jier fan hûs wei en krige doe wurk by de vaudeville. Op syn 21e reizge er mei in koartswilige jonglearact troch Noard-Amearika en Jeropa. Yn 1906 makke er syn debút op Broadway yn de musikal-komeedzje The Ham Tree.
Krekt as doetiids faak barde mei vaudeville-artysten wurke Fields ek yn de stomme film, mar bekend is er wurden troch de Broadway-musikal Poppy út 1923. Letter spile er ek yn lûdsfilms.
Fields troude mei in vaudeville-sjongster, Harriet 'Hattie' Hughes, op 2 april 1900. Harren soan William Claude Fields jr., waard berne op 28 july 1904. Fields hie de namme dat er bern net lije mocht, mar hy wie letter al tige wiis mei syn bernsbern. Hy krige ek noch in soan by syn freondinne Bessie Poole yn 1917, William Rexford Fields Morris.
Yn 1936 moast Fields in skoft mei syn wurk ophâlde troch sykte, dy't ferslimme waard troch syn alkoholisme. (Sitaat taskreaun oan Fields: "I can't stand water because of the things fish do in it."). Nei behanneling foar delirium tremens kaam er wêrom yn 1938 mei radiowurk en yn 1940 spile er mei Mae West yn My little Chickadee.
W.C. Fields stoar oan in maachblieding op de ienichste frije dei dy't er hie yn 't jier, op Earste Krystdei, in dei dêr't er it grau oan hie. Syn minnaresse aktrise Charlotte Monti hat in boek skreaun mei anekdoates oer Fields: W.C. Fields and me.