Westersk kristendom

From Wikipedia, the free encyclopedia

It westersk kristendom is mei it eastersk kristendom ien fan 'e beide dielen fan it kristlik leauwe. It komt fierhinne oerien mei de histoaryske Latynske Tsjerke; dat wol sizze: dat diel fan 'e oertsjerke (it westlike) dêr't it Latyn de taal fan 'e liturgy wie. It westersk kristendom wurdt opmakke troch twa haadstreamings: it katolisisme, dêr't behalven de Roomsk-Katolike Tsjerke ek de âld-katolike en oare lytsere katolike tsjerken ta hearre, en it protestantisme, dat útinoar falt yn kalvinisme, lutheranisme, anglikanisme, metodisme en in hiele rige lytsere tradysjes. Hoewol't it westersk kristendom histoarysk sjoen beheind wie ta de lannen om it Westlik Bekken fan de Middellânske See hinne, hat it him, folle mear as it eastersk kristendom, troch sindingswurk oer de hiele wrâld ferspraat. Mear as 90% fan alle kristenen heart ta it westersk kristendom.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.