Wrâldkampioenskip fuotbal 1934
From Wikipedia, the free encyclopedia
It wrâldkampioenskip fuotbal 1934 waard fan 27 maaie oant en mei 10 juny 1934 yn Itaalje holden. It wie it twadde wrâldkampioenskip fuotbal en de earste edysje dêr't de teams harren foar kwallifisearje moasten. Foar it wrâldkampioenskip fan 1930 waarden de teams noch útnoege troch de FIFA. It toernoai hat sa'n twa wiken duorre ferdield oer acht stadions. It gastlân Itaalje waard wrâldkampioen, al binne der boarnen dy't útwize dat it net altiten like earlik ferûn is, yn it foardiel fan Itaalje en befreone lannen.
Fluch de feiten
FIFA wrâldkampioenskip fuotbal 1934 1934 FIFA World Cup | ||||
Ynformaasje | ||||
Gastlân | Itaalje | |||
Kampioen | Itaalje | |||
Iepeningswedstryd | 27 maaie 1934 | |||
Finale | 10 juny 1934 | |||
Tiims | 16 | |||
Stadions | 8 | |||
Edysjes | ||||
Foarige | 1930 | |||
Folgjende | 1938 | |||
Toernoaistatistiken | ||||
Wedstriden | 17 | |||
Doelpunten | 70 (4,12 de wedstriid) | |||
Besikers | 395.000 (23.235 de wedstriid) | |||
Topskoarder(s) | Oldřich Nejedlý (5 doelpunten) | |||
Beste spiler | Giuseppe Meazza | |||
|
Slute