Wrâldkampioenskip Reedriden Oer Alles foar Manlju
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Wrâldkampioenskip Reedriden Oer Alles foar Manlju is fuortkaam út de kampioenskippen langebaan dy't de ISU (Ynternasjonale Reedryd-uny) organisearret sûnt 1893. De earste wrâldkampioenskippen op de langebaan waarden al yn 1889 yn Amsterdam hâlden, mar earst sûnt 1893 waarden de kampioenskippen as aktiviteit fan de ISU organisearre.