From Wikipedia, the free encyclopedia
De Yndo-Jeropeeske talen, foarhinne ek wol bekend as de Yndogermaanske talen, foarmje in tige grutte, saneamde supertaalfamylje, wêrfan't de talen sûnt 'e Aldheid sprutsen wurde yn hast hiele Jeropa en grutte parten fan Súd-Aazje en it Heine Easten. It Hettitysk, dat oerlevere is út 'e sechstjinde iuw f.Kr., is de ierst dokumintearre Yndo-Jeropeeske taal. Histoarysk wiene fierders it Aldgryksk en it Latyn fan tige grutte betsjutting foar de ûntjouwing fan 'e Westerske kultuer, wylst oangeande it Sanskryt itselde sein wurde kin foar de kultuer fan it Yndysk subkontinint en oangeande it Avestaansk en it Perzysk foar de kultuer fan Iraan, Afganistan en Tadzjikistan. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe guon Yndo-Jeropeeske talen, benammen it Ingelsk, Spaansk, Portegeesk, Frânsk en Russysk, har yn 'e lêste fiifhûndert jier ferspraat nei Sibearje, Noard- en Súd-Amearika, Súdlik Afrika, Austraalje en Nij-Seelân.
Yndo-Jeropeeske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Yndogermaanske talen | |
lokaasje | fan oarsprong Jeropa, Lyts-Aazje, Perzje, súdlik Sintraal-Aazje en it Yndiaaske subkontinint | |
tal talen | >400 | |
tal sprekkers | >3 miljard (2009) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalfamylje | |
subgroepen | ● Anatoalysk † ● Armeensk ● Balto-Slavysk ● Germaansk ● Helleensk ● Illyrysk ● Yndo-Iraansk ● Italo-Keltysk ● Tochaarsk † ● Trasysk † | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | ine | |
ISO 639-6 | ineu |
Guon fan 'e bekendste en histoarysk sjoen ynfloedrykste Yndo-Jeropeeske talen (bgl. it Latyn, it Aldtsjerkeslavysk en it Avestysk) binne no útstoarn. Lykwols wurde der hjoed de dei noch mear as 400 Yndo-Jeropeeske talen sprutsen, wêrfan't mear as de helte ta de Yndo-Aryske tûke heart. De skreaune oerlevering fan 'e Yndo-Jeropeeske talen giet foar de útstoarne Anatoalyske talen en it Myseensk Gryksk werom nei de Brûnstiid, om 1500 f.Kr. hinne, en dêrmei hawwe de Yndo-Jeropeeske talen de langste dokumintearre skiednis nei de Afro-Aziatyske taalfamylje.
Neffens sifers út 2009 wurde de Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar troch mear 3 miljard minsken sprutsen, wat it neffens sprekkerstal ta de grutste taalfamylje fan 'e wrâld makket, op ôfstân folge troch de Sino-Tibetaanske talen, mei hast 1,5 miljard sprekkers. Fan 'e 20 talen mei it grutste tal memmetaalsprekkers hearre der 12 ta de Yndo-Jeropeeske famylje: Spaansk, Ingelsk, Hindy, Portegeesk, Bingaleesk (de nasjonale taal fan Banglades), Russysk, Dútsk, Sindysk, Pûndjaabsk, Maratysk, Frânsk, Urdû en Italjaansk. Dy tolve talen mei-inoar hawwe allinnich al mear as 1,7 miljard sprekkers.
De mooglikheid dat guon fan 'e Yndo-Jeropeeske talen in mienskiplike ôfstamming hiene, waard foar it earst yn 1647 oppenearre troch de Nederlânske wittenskipper Marcus Zuerius van Boxhorn. Dy stelde foar dat se harren út it Skytysk ûntjûn hiene, in taal dy't yn 'e Aldheid sprutsen waard troch nomaden, op 'e steppen fan wat no de Oekraïne is. Hy hie ynsafier gelyk, dat it Skytysk in Iraanske taal wie, dy't ek ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearde. Syn teory waard yn syn tiid lykwols sa goed as gjin omtinken oan jûn.
Yn 1786 waard troch sir William Jones, in Britsk koloniaal amtner yn Britsk-Ynje dy't yn syn frije tiid mei taalkunde ompielde, in soartgelikense teory foarsteld. Hy murk oerienkomsten op tusken trije fan 'e âldste en bêst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, it Latyn, it Gryksk en it Sanskryt, en stelde fierders in bân tusken dy trije talen en it Goatysk, it Keltysk en it Perzysk foar, al wied er dêr sels twifelich oer. It systematyske taalûndersyk dat de Dútske taalkundige Franz Bopp nei oanlieding fan Jones syn teory die, befêstige lykwols dat dy seis en oare talen in mienskiplik komôf hiene. Bopp syn Vergleichende Grammatik ("'Ferlykjende Grammatika"), dy't tusken 1833 en 1852 ferskynde, wurdt beskôge as it begjin fan 'e wittenskiplike stúdzje nei de Yndo-Jeropeeske talen.
Lange tiid stiene de Yndo-Jeropeeske talen bekend ûnder de namme "Yndogermaanske talen", neamd nei de beide fierst útinoar lizzende taalkloften dy't derta hearden, de Yndyske of Yndo-Aryske talen yn it súdeasten en de Germaanske talen yn it noardwesten. Mar dy beneaming rekke lykwols besmodzge trochdat de nazys der yn 'e jierren tritich en fjirtich fan 'e tweintichste iuw mei oan 'e haal giene foar harren rasse-ideology. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard dêrom de term "Yndo-Jeropeesk" ynfierd, dy't no yn 'e taalwittenskip algemien brûkt wurdt.
Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne taalkundigen en archeologen it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it Proto-Yndo-Jeropeesk, de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e Koeban, it gebiet benoarden de Kaukasus, en yn 'e Kaspyske Leechflakte, en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat hawwe oer Jeropa, it Heine Easten en it Yndiaaske subkontinint. Dit wurdt de Koerganhypoteze neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de Litousk-Amerikaanske archeologe Marija Gimbutas, yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw.
Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde Anatoalyske teory oan, dy't de Britske archeolooch Colin Renfrew yn 1987 formulearre. Dêryn wurdt steld dat de Urheimat (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen Anatoalje (oftewol Lyts-Aazje) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e lânbou yn it Neolitikum (it lêste stadium fan 'e Stientiid), en begûn dy dus om 7000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn 2003 al ûnderstipe troch de biotaalkundige resultaten út it ûndersyk fan Russell Gray, dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7800 en 5800 f.Kr. útkamen.
In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Koerganhypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e Anatoalyske talen, in útstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it Hettitysk. Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in ûnderdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene – sustertalen wiene – en fuortkamen út in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it Proto-Yndo-Hettitysk neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).
Der besteane noch mear teoryen, mar dy binne minder ynfloedryk. Sa wolle guon hawwe dat de Urheimat fan 'e Yndo-Jeropeänen it noardwesten fan it tsjintwurdige Iraan wie, it gebiet om 'e Urmiamar hinne. Oaren leauwe dat se út it gebiet kamen dat no de See fan Azov foarmet, beëasten it Oekraynske skiereilân de Krim, en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch wie fan it derûnderstrûpen fan dat lân om 5600 f.Kr. hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren eigen nasjonale of nasjonalistyske belangen it bêste tsjinnen.
De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud út in stikmannich lytsere taalfamyljes:
De taalkloften dy't ta de Yndo-Jeropeeske talen hearre, wurde faak klassifisearre as satem-of centum-talen. Dy klassifisearring hat net sasear mei taalbesibskip te krijen, mar mear mei tsjinstelde ûntwikkelings fan taalgroepen dy't in mienskiplike oarsprong hawwe. Satem-talen hawwe it ferskil ferlern tusken labiofelêre en echt felêre bylûden, en fierders wurde yn dy talen de palataal felêre bylûden as sysklank útsprutsen. De centum-talen, oan 'e oare kant, hawwe it ferskil ferlern tusken de palataal felêre en de echt felêre bylûden. In foarbyld fan dit ferskil is (de earste letter fan) it wurd foar "hûndert", yn it Latyn centum (de c wurdt útsprutsen as in k) en yn it Avestysk satem.
Neffens dizze ferdieling hearre de Germaanske, Keltyske, Italyske (en Romaanske) en Grykske taalkloften ta de centum-talen en de Baltyske, Slavyske, Armeenske en Yndo-Iraanske taalkloften ta de satem-talen. De Illyryske, Trasyske, Anatoalyske en Tochaarske talen nimme in wat aparte posysje yn: guon taalkundigen rekkenje harren ta de centum-groep, wylst oaren hawwe wolle dat se ta net ien fan beide groepen hearre.
Guon taalkundigen hawwe útsteld dat de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje sels ek wer in tûke is fan in noch gruttere taalfamylje. De bekendste fan dizze hypotetyske taalfamyljes is de saneamde Nostratyske taalfamylje, dy't yn 1903 foarsteld waard troch de Deenske taalkundige Holger Pedersen. Behalven de Yndo-Jeropeeske talen soene dêrta ek hearre moatte: de Afro-Aziatyske talen (Arabysk, Hebriuwsk, ensfh.); de Dravidyske talen (Tamyl, Telûgû, ensfh.); de Oeralyske talen talen (Finsk, Hongaarsk, ensfh.); de Altayske talen (Turksk, Mongoalsk, ensfh.); en de Súdkaukazyske talen (Georgysk, ensfh.).
De Nostratyske teory is lykwols tige kontroversjeel, krekt as de soartgelikense Jeraziatyske teory fan Joseph Greenberg en de Proto-Pontyske fan John Colarusso. Dat wol net sizze dat dy teoryen net op wierheid berêste kinne. Krektoarsom, gjin taal ûntstiet út it neat, dus ek Proto-Yndo-Jeropeesk net. Dy oertaal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen fan ôfstamje, moat sels ek wer earne fan ôfstamme wêze. It probleem is allinne dat men dêrfoar safier werom yn 'e tiid moat, dat der gewoan gjin brûkbere bewizen te finen binne – itsij taalkundige, itsij archeologyske – om in teory te ûnderstypjen.
taalkloft | taal | "(ik) draach" | "heit" |
---|---|---|---|
Anatoalysk | Hettitysk | ― | atta |
Armeensk | Armeensk | berem | hayr |
Iraansk | Avestysk | barā | pitar |
Yndo-Arysk | Sanskryt | bhárāmi | pitá |
Illyrysk | Albaneesk | mbart | atdhe |
Helleensk | Aldgryksk | phérō | pātēr |
Italysk | Latyn | ferō | pāter |
Keltysk | Aldiersk | berim | athir |
Germaansk | Goatysk | baíra | fadar |
Ingelsk | bear | father | |
Frysk | bern ["wat droegen is"] | faar, heit | |
Slavysk | Aldtsjerkeslavysk | berǫ | otǐč |
Tochaarsk | Tochaarsk A | ― | pācer |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.