Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn (Dútsk: Internationale Filmfestspiele Berlin), faak (fral yn Dútslân) oantsjut as de Berlinale, is in filmfestival dat elts jier yn febrewaris yn 'e Dútske haadstêd Berlyn holden wurdt. It is ien fan 'e saneamde "Grutte Trije" filmfestivals, yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn waard yn 1951 foar it earst organisearre, en waard oant 1989 yn West-Berlyn holden. Tsjintwurdich wurde der mear as 400 films fertoand foar in publyk dat 500.000 persoanen berint. De wichtichste prizen dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn útrikt wurde, binne de Gouden Bearen foar de bêste films en de Sulveren Bearen foar yndividuële prestaasjes fan akteurs en filmmakkers.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn | ||
plak en tiid | ||
lân | Dútslân | |
bûnslân | Berlyn | |
plak | Berlyn | |
holden yn | ferskate gelegenheden | |
tiid fan it jier | febrewaris | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Berlinale | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1951 – no | |
offisjele webside | ||
www.berlinale.de |