Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert (Nederlânsk en offisjeel: Internationaal Folkloristisch Dansfestival Bolsward) is in festival op it mêd fan dûns dat elts jier oan 'e ein fan juny holden wurdt yn 'e Fryske stêd Boalsert. It makket ûnderdiel út fan it gruttere evenemint fan 'e Heamieldagen. It Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert is wijd oan folksdûns en folksmuzyk, en wurdt organisearre troch de Boalserter Skotsploech.
Fluch de feiten
Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert Internationaal Folkloristisch Dansfestival Bolsward | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Boalsert | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | ein juny | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | IFDB | |
gelegenheid | Heamieldagen | |
soarte evenemint | dûnsfestival | |
sjenre | folksdûns | |
bestean | 1988 – no | |
org. troch | Boalserter Skotsploech | |
offisjele webside | ||
www.dansfestivalbolsward.nl |
Slute