senegaleeske sjonger, komponist en politikus (berne 1959) From Wikipedia, the free encyclopedia
Youssou N'Dour (Dakar, 1 oktober 1959) is in Senegaleesk sjonger, musikus/komponist, politikus en - út en troch - akteur.
N"Dour spilet in belangrike rol yn de ûntjouwing fan de hjoeddeiske populêre muzyk fan Senegal, benammen fan de muzykfoarm dy't yn de lokale Wolof-taal mbalax neamd wurdt: in mjuks fan de tradisjonele griot, mei perkusje en lofsang en Afro-Kubaanske arranzjeminten en taheaksels. Hy jildt as ien fan de meast súksesfolle Afrikaanske superstjerren mei in protte ynfloed, dy't ek sosjaal en maatskiplik tige belutsen is. Yn 1985 organisearre er in konsert foar de frijlitting fan Nelson Mandela. Teffens hat er konserten jûn foar Amnesty International en hat er gearwurke mei de Feriene Naasjes en Unicef. Fierders naam hy it inysjatyf foar it Projekt Joko, dat Afrika, en de Senegalezen yn it foarste plak, middels ynternetkafee's mei de wrâld ferbine wol.
Jannewaris 2012 woe N'Dour meidwaan oan de presidintsferkiezings fan febrewaris yn Senegal. Ein jannewaris besleat it Heechgerjochtshof lykwols dat er net meidwaan koe, meidat in tal stimmen dy't er nedich hie foar syn kandidatuer net kontrolearre wurde koene. Presidint Abdoulaye Wade waard lykwols net útsletten, hoewol't it om syn tredde termyn gie, wat neffens de grûnwet net mocht. Op 27 jannewaris 2012 kaam dêr rebûlje fan. N'Dour waard minister fan Kultuer en Toerisme yn it regear fan Macky Sall, yn april 2012. Oktober 2013 makke N'Dour syn comeback yn het Palais Omnisports de Paris-Bercy.
Yn oktober 2020 komt Youssou N'Dour de prestizjeuze Royal Swedish Academy yn, neffens de ynstelling.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.