1945 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1945.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
- 17 jannewaris - De totaal ferwoastge Poalske haadstêd Warsjau wurdt befrijd troch it Reade Leger.
- 18 jannewaris - Hongarije kapitulearret foar de Sovjet-Uny.
- 19 jannewaris - It Fryske ferset oerfalt in auto fan 'e SD op De Falom. Trije fersetslju wurde befrijd, wylst twa Dútsers om dea reitsje.
- 20 jannewaris - Hongarije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
- 22 jannewaris - By de Moarden fan Dokkum wurde tweintich jonge manlju eksekutearre troch Dútske soldaten, as ferjilding fan de oerfal fan 19 jannewaris.
- 25 jannewaris - It Dútske Ardinnenoffinsyf wurdt troch de westlike Alliëarden ûnderdrukt.
- 27 jannewaris - It Dútske ferneatigingskamp Auschwitz wurdt befrijd troch it Reade Leger.
- 2 febrewaris - Ekwador ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 4-11 febrewaris - Op 'e Konferinsje fan Jalta, op 'e Krim, lizze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin de grûnslach foar de nei-oarlochske reorganisaasje fan Jeropa.
- 7 febrewaris - Paraguay ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 13 febrewaris - De Hongaarske haadstêd Boedapest wurdt befrijd troch it Reade Leger.
- 14 febrewaris - By it Bombardemint fan Dresden troch de Britske RAF wurdt dy Dútske stêd frijwol hielendal ferwuostge
- 15 febrewaris - Oerûguay en Fenezuëla ferklearje de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 19 febrewaris - Amerikaanske mariniers lânje op Iwo Jima. Begjin fan 'e ferheftige Slach om Iwo Jima.
- 23 febrewaris - Turkije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 24 febrewaris - Egypte ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
- 24 febrewaris - De Filipynske haadstêd Manilla wurdt befrijd troch it de Amerikanen.
- 26 febrewaris - Syrje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
- 27 febrewaris - Libanon ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
- febrewaris of maart - Anne Frank komt om yn it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen.
- 1 maart - Saûdy-Araabje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.
- 6 maart - De sjef fan 'e SS yn beset Nederlân, Hanns Albin Rauter, rekket by in oanslach slim ferwûne. As represaille wurde troch de Dútsers 263 Nederlânske gizelders fermoarde.
- 7 maart - De Ludendorffbrücke oer de Ryn by Remagen falt ûnskansearre yn 'e hannen fan 'e Alliëarden.
- 7 maart - De Alliëarden feroverje Keulen.
- 12 maart - Noardlik Transsylvaanje, dat yn 1940 troch Hongarije anneksearre waard, wurdt troch de Sovjet-Uny weromjûn oan Roemeenje.
- 13 maart - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen keart werom op Nederlânsk grûngebiet yn Eede, yn Siuwsk-Flaanderen.
- 16 maart - De Friese Koerier ferskynt foar it earst.
- 27 maart - Nei it ûnderdrukken fan it lêste Japanske ferset komt der in ein oan 'e Slach om Iwo Jima. Dêrby binne 6.800 Amerikanen sneuvele.
- 27 maart - Argentynje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 1 april - Amerikaanske troepen lânje op Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. Begjin fan 'e Slach om Okinawa.
- 6 april - Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst komme op it Nederlânske Waadeilân Teksel yn opstân.
- 11 april - Sily ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 11 april - It Dútske konsintraasjekamp Buchenwald wurdt befrijd troch it Reade Leger.
- 11 april - By de saneamde Dronryp-represaille wurde yn it Fryske doarp Dronryp troch de Dútsers 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre as straf foar in sabotaazje-aksje fan it Fryske ferset.
- 11 april - De earste Alliëarde troepen (Kanadezen) tsjogge by Wilhelmaoard oer de Fryske Brêge en berikke Noardwâlde.
- 12 april - It Dútske trochgongskamp Westerbork wurdt befrijd troch de Kanadezen.
- 12 april - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt komt te ferstjerren oan in oerhaal. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint, Harry Truman.
- 13 april - It Reade Leger feroveret de Eastenrykske haadstêd Wenen.
- 15 april - It Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen wurdt befrijd troch de Britten.
- 15 april - Fryske Befrijingsdei: mei de befrijing fan Ljouwert is it hiele fêstelân fan Fryslân no befrijd troch de Kanadezen.
- 15 april - De Nederlânske stêd Arnhim wurdt befrijd troch de Alliëarden.
- 16 april - It Reade Leger begjint oan 'e Slach om Berlyn.
- 16 april - Yn Penjum begjint in fûleindich gefjocht tusken it Kanadeeske 1e Leger en in detasjemint fan Dútske skerpskutters.
- 19 april - Yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân sette de Dútsers de Wieringermar ûnder wetter om 'e opmars fan 'e Alliëarden te kearen.
- 25 april - Troepen fan it Amerikaanske Leger en it Reade Leger meitsje kontakt oan 'e Elbe by Torgau.
- 25 april - Italjaanske partizanen meitsje in ein oan 'e Italjaanske Sosjale Republyk fan Benito Mussolini. De diktator sels besiket út te naaien, mar wurdt op syn flecht ynrekkene.
- 27 april - De Laplânske Oarloch tusken Finlân en nazy-Dútslân einiget mei de folsleine weromlûking fan alle Dútske troepen út Finlân.
- 28 april - De eardere Italjaanske diktator Benito Mussolini en syn minneresse Claretta Petacci wurde troch it Italjaanske ferset stânrjochtlik eksekutearre.
- 29 april - It Dútske konsintraasjekamp Dachau wurdt befrijd troch de Amerikanen.
- 30 april - It Dútske konsintraasjekamp Ravensbrück wurdt befrijd troch it Reade Leger.
- 30 april - De Dútske diktator Adolf Hitler en syn frou Eva Braun dogge selsmoard.
- 1 maaie - It Reade Leger plantet de flagge fan 'e Sovjet-Uny op it Ryksdeigebou yn 'e Dútske haadstêd Berlyn.
- 1 maaie - De stêd Triëst wurdt befrijd troch de Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito.
- 1 maaie - Joseph Goebbels, de Dútske minister fan Propaganda, docht mei syn hiele gesin selsmoard.
- 2 maaie - De Dútske troepen yn 'e haadstêd Berlyn jouwe har oer oan it Reade Leger: ein fan 'e Slach om Berlyn.
- 2 maaie - Martin Bormann, de siktaris fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler, docht selsmoard.
- 2 maaie - Yn Belgje keare de sosjalisten har tsjin kening Leopold III, dy't troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke is. Dit is it begjin fan 'e slepende Keningskwestje.
- 3 maaie - Britsk-Yndyske troepen tsjogge de troch de Japanners ûntromme Birmeeske haadstêd Rangoon binnen.
- 5 maaie - Befrijingsdei yn Nederlân: yn Hotel De Wereld, yn Wageningen, ûndertekenje prins Bernhard, de Dútske generaal Johannes Blaskowitz en de Kanadeeske generaal Charles Foulkes de oerjefte fan 'e Dútske troepen yn Nederlân.
- 5 maaie - Yn Bohemen brekt de Opstân fan Praach út tsjin 'e Dútske SS-troepen dy't dy stêd beset hâlde.
- 6 maaie - De Opstân fan de Georgiërs op it Nederlânske Waadeilân Teksel wurdt troch de Dútsers bloedich ûnderdrukt. Dêrby fine 570 Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst de dea. Mei de sneuvele Dútsers en Tekselders derby komt it totale deadetal op likernôch 1.200.
- 7 maaie - Kapitulaasje fan nazy-Dútslân: generaal Alfred Jodl ûndertekenet yn Reims de oerjefte oan 'e Alliëarden.
- 7 maaie - Dútske militêren iepenje yn Amsterdam fanút De Groote Club op De Dam it fjoer op 'e feestfierende mannichte bûtendoar, en rjochtsje dêrmei it Bloedbad op De Dam oan. Der falle 32 deaden.
- 7 maaie - Utert (stêd) wurdt befrijd troch Britske troepen.
- 7 maaie - De Nederlânske Prinses Irene Brigade tsjocht De Haach binnen.
- 7 maaie - Yn Nederlân wurdt Anton Mussert, lieder fan 'e kollaborearjende NSB, oppakt.
- 8 maaie - Amsterdam wurdt befrijd troch Kanadeeske troepen.
- 8 maaie - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de formele ûndertekening fan 'e Dútske oerjefte holden.
- 9 maaie - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling oppakt.
- 23 maaie - Admiraal Karl Dönitz, oan wa't de Dútske diktator Adolf Hitler foar syn selsmoard de macht oerdroegen hie, wurdt yn 'e hechten nommen.
- 23 maaie - Heinrich Himmler, de lieder fan 'e Dútske SS, docht selsmoard.
- 11 juny - It Fryske Waadeilân Skiermûntseach is it alderlêste stikje fan Jeropa dat formeel troch de Dútsers oerdroegen wurdt oan 'e Alliëarden.
- 22 juny - Nei in fearnsjier ferbiten striid feroverje de Amerikanen it Japanske eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. De Slach om Okinawa hat oan 12.500 Amerikanen en oan 110.000 Japanners it libben koste.
- 26 juny - Op 'e Konferinsje fan San Francisco wurde de Feriene Naasjes oprjochte.
- 29 juny - De Amerikaanske presidint Harry Truman kart in plan goed dat de ynvaazje fan Japan omfiemet foar 1 novimber o.s.
- 29 juny - Tsjechoslowakije en de Sovjet-Uny slute in oerienkomst dy't de Sovjet-anneksaasje fan Roeteenje (it uterste easten fan Tsjechoslowakije) regelet.
- 5 july - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur foltôget de Befrijing fan de Filipinen.
- 6 july - Poalen en de Sovjet-Uny slute in ferdrach dat de útwikseling fan etnyske Poalen út 'e Sovjet-Uny en etnyske Wytrussen en Oekraïners út Poalen regelet, no't de Sovjet-Poalske grins fier nei it westen ta opskood wurdt.
- 16 july - By Los Alamos, yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko, hâlde de Amerikanen de earste slagge proef mei in atoombom.
- 16 july-2 augustus - Op 'e Konferinsje fan Potsdam beslute de Amerikaanske presidint Harry Truman, de Britske premier Winston Churchill (healwei de konferinsje nei in ferkiezingsnederlaach ferfongen troch Clement Attlee) en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de opdieling fan Dútslân en de eask foar in oerjefte sûnder betingsten troch Japan.
- 22 july - Yn Fryslân wurdt de SKS oprjochte.
- 3 augustus - Atoombombardemint fan Hiroshima: 70.000 oant 80.000 minsken komme daliks om.
- 6 augustus - Atoombombardemint fan Nagasaki: 35.000 oant 40.000 minsken komme daliks om.
- 8 augustus - De Sovjet-Uny ferklearret de oarloch oan Japan.
- 9 augustus - Mongoalje ferklearret de oarloch oan Japan.
- 15 augustus - Kapitulaasje fan Japan: de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en de Stille Oseaan.
- 17 augustus - Yndoneezje ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 28 augustus - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur arrivearret yn Japan, wêrmei't de Besetting fan Japan begjint.
- 2 septimber - Offisjele ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, mei de formele ûndertekening fan 'e kapitulaasje fan Japan, oan board fan it Amerikaanske slachskip de Missouri.
- 2 septimber - Hồ Chí Minh, de lieder fan 'e kommunistyske organisaasje Viet Minh, ropt de ûnôfhinklikheid fan Fjetnam út.
- 8 septimber - De earste Amerikaanske troepen lânje yn it suden fan Koreä, dat se neffens de ôfspraak mei de Sovjet-Uny oant de 38e breedtegraad besette sille.
- 9 septimber - It Japanske leger yn Sina jout him oer.
- 12 septimber - Alle Japanske troepen yn Súdeast-Aazje jouwe har oer by in seremoanje yn Singapoer.
- 20 septimber - Yn Britsk-Ynje easkje de lieders fan 'e ûnôfhinklikheidsstriid, Mahatma Gandhi en Jawaharlal Nehru, it weromlûken fan alle Britske troepen.
- 24 septimber - It Feriene Keninkryk draacht it fraachstik oer wat der barre moat mei it mandaatgebiet Palestina oer oan 'e Feriene Naasjes.
- 26 septimber - Yn Nederlân fiert minister fan Finânsjes Piet Lieftinck in jildsanearring troch om ynkomsten út swarthannel en oare profitearring ûnder de Twadde Wrâldoarloch ôf te nimmen. Alle papierjild wurdt ûnjildich ferklearre. Om salang fan bestean te kinnen, kriget eltse húshâlding it saneamde Tientsje fan Lieftinck.
- 26 septimber - Yn Fryslân wurdt de Betinking fan de Slach by Warns foar de earste kear holden.
- 29 septimber - De earste Alliëarde (Britske) troepen lânje op Java, yn Nederlânsk-Ynje.
- 13 oktober - No't de striid tsjin 'e Japanners foarby is, lôget yn Sina de Sineeske Boargeroarloch tusken nasjonalisten en kommunisten wer op.
- 13 oktober - Yn Nederlânsk-Ynje brekt de Yndonezyske Revolúsje út, dy't úteinlik liede sil ta de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Yndoneezje.
- 20 oktober - Oprjochting fan 'e Arabyske Liga.
- 24 oktober - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling terjochtsteld.
- 24 oktober - De Feriene Naasjes begjint mei syn wurk.
- 24 oktober - Syrje en Libanon wurde formeel ûnôfhinklik fan Frankryk, hoewol't se al langer frijwol selsstannich wiene.
- oktober - Ein fan 'e Trêde Koerdysk Arabyske Oarloch yn noardlik Irak.
- 14 novimber - Begjin fan 'e Prosessen fan Neurenberch tsjin Hermann Göring en in grut tal oare nazy-pommeranten.
- 29 novimber - Yn Joegoslaavje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje, mei Josip Broz Tito as earste presidint.
- jannewaris
- febrewaris
- 9 - Mia Farrow, Amerikaansk aktrise
- 10 - Klaas Tuinstra, Frysk politikus († 2022)
- 12 - Tom van Deel, Nederlânsk dichter, essayist en literatuerkritikus († 2019)
- 15 - Helmert Woudenberg, Nederlânske akteur, toanielregisseur († 2023)
- 17 - Nalini Singh, Yndiaask sjoernaliste, presintatrise en tillefyzjeprodusinte
- 20 - Gjalt de Groot, Frysk skriuwer
- 21 - Tom van Deel, Nederlânsk dichter, essayist en literatuerkritikus († 2019)
- 28 - Bubba Smith, Amerikaansk akteur en spiler fan American football († 2011)
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
- 8 jannewaris - Jac. P. Thijsse, Nederlânske Natueredukator (* 1865)
- 2 febrewaris - Ids de Beer, Frysk fersetsstrider (* 1916)
- 9 maart - Georg Christiaan Slieker, (earste) Frysk (én Nederlânsk) bioskoophâlder (* 1861)
- 12 april - Franklin D. Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1882)
- 12 april - Bouwe van Ens, Frysk boer en fersetsman (* 1893)
- 14 april - Jan Harm Kruis, Frysk feehâlder en fersetsstrider (* 1904)
- 17 maart - Hotze Brouwer, Frysk boer en fersetsman (* 1910)
- 17 maart - Albert Koopman, Frysk fersetsman (* 1917)
- 25 april - Abraham Salomon Levisson, oerrabbyn fan Fryslân (* 1902)
- 28 april - Benito Mussolini, Italjaansk diktator (* 1883)
- 28 april - Rienk Hendrik Kuipers, Nederlânsk predikant en fersetsman (* 1905)
- 30 april - Adolf Hitler, Dútsk diktator (* 1889)
- 1 maaie - Joseph Goebbels, Dútsk politikus (* 1897)
- 2 maaie - Martin Bormann, Dútsk politikus (* 1900)
- 18 juny - Andries Gaastra, grûnlizzer fan it Batavusfabryk (* 1879)
- 15 july - Theodorus Marius Theresius baron van Welderen, Frysk politikus en bestjoerder (* 1867)
- 21 july - Johan Hilgers, Nederlânsk loftfeartpionier (* 1886)
- 26 septimber - Béla Bartók, Hongaarsk komponist (* 1881)
- 8 novimber - August von Mackensen, Dútsk militêr (* 1849)