1949
jier From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
1949 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1949.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
| Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
| Jierren: | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 |
| Gregoriaanske kalinder |
1949 MCMXLIX |
| Ab urbe condita | 2702 |
| Armeenske kalinder | 1398 ԹՎ ՌՅՂԸ |
| Etiopyske kalinder | 1941 – 1942 |
| Hebriuwske kalinder | 5709 – 5710 |
| Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2004 – 2005 |
| - Shaka Samvat | 1871 – 1872 |
| - Kali Yuga | 5050 – 5051 |
| Iraanske kalinder | 1327 – 1328 |
| Islamityske kalinder | 1368 – 1369 |
| Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
| Sineeske kalinder | 4645 – 4646 乙子 – 丙丑 |
Remove ads
Foarfallen
- jannewaris
- 5 - Yn 'e Earste Yndiaask-Pakistaanske Oarloch komme de stridende partijen in wapenstilstân oerien. It grutste part fan Kasjmier wurdt ûnderdiel fan Yndia, wylst de rest by Pakistan komt te hearren.
- 15 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch boeke de kommunisten fan Mao Zedong in grutte oerwinning mei de ferovering fan 'e wichtige havenstêd Tianjin.
- maart
- 10 - De Earste Arabysk-Israelyske Oarloch einiget yn in Israelyske oerwinning.
- 31 - Nei twa referinda yn 1948 giet it Dominion Nijfûnlân, in Britske koloanje yn Noard-Amearika, as provinsje op yn Kanada.
- april
- 4 - De Feriene Steaten, Kanada en tsien Westjeropeeske lannen rjochtsje de NATO op, in militêr bûnsgenoatskip dat tsjin 'e Sovjet-Uny rjochte is.
- 18 - De Ierske Frijsteat wurdt omfoarme ta de Republyk Ierlân.
- 23 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch nimme de kommunisten Nanjing yn, de haadstêd fan 'e (nasjonalistyske) Republyk Sina.
- maaie
- 5 - Yn Londen wurdt troch tsien Westjeropeeske lannen de Ried fan Jeropa oprjochte.
- 12 - Nei likernôch alve moannen heft de Sovjet-Uny de Blokkade fan Berlyn op.
- 23 - De Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân) wurdt ûnôfhinklik.
- 25 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch nimme de kommunisten de wichtige stêd Sjanghai yn.
- juny
- 7 - Yndia driuwt de anneksaasje troch fan it Himalayasteatsje Sikkim.
- 8 - Siam feroaret syn namme yn Tailân.
- 20 - De Feriene Steaten, de Sovjet-Uny, it Feriene Keninkryk en Frankryk berikke oerienstimming oer in fredesferdrach mei Eastenryk. Dat lân sil syn âlde grinzen fan 1 jannewaris 1938 weromkrije.
- july
- 14 - By wettersneed yn Sina oerstreame de Jangtse en de Giele Rivier. mear as 20.000 minsken komme om en mear as 2 miljoen reitsje dakleas.
- augustus
- 3 - Hotze Schuil, Wytse Vlietstra en Lammert Heeringa winne yn Frjentsjer de 96ste PC. Lammert Heeringa wurdt útroppen ta kening.
- 8 - Bûtan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- septimber
- 23 - Presidint Harry Truman fan 'e Feriene Steaten makket bekend dat de Amerikaanske feilichheidstsjinsten fêststeld hawwe dat de Sovjet-Uny no oer in atoombom beskikt.
- oktober
- 1 - Yn Peking ropt de kommunistyske foaroanman Mao Zedong de Folksrepublyk Sina út.
- 7 - De Dútske Demokratyske Republyk (East-Dútslân) wurdt ûnôfhinklik.
- 15 - It Folksbefrijingsleger fan 'e Folksrepublyk Sina feroveret de súdlike stêd Kanton.
- 15 - De Hongaarske minister fan Bûtenlânske Saken László Rajk wurdt beskuldige fan titoïsme en ophongen.
- 16 - De Grykske Boargeroarloch einiget mei de nederlaach fan 'e kommunistyske opstannelingen.
- desimber
- 7 - It regear fan 'e nasjonalistyske Republyk Sina foltôget de evakuaasje fan it Sineeske fêstelân nei it eilân Taiwan.
- 27 - Yndoneezje wurdt ûnôfhinklik fan Nederlân.
- datum ûnbekend
- - It earste aventoer fan Kick Wilstra ferskynt.
- - Joe Sobek tinkt paddleball op; letter wurdt de namme raquetball.
Remove ads
Berne
- jannewaris
- 4 - Klaas Jansma, Frysk sjoernalist, skriuwer en kommentator
- 10 - George Foreman, Amerikaansk bokser († 2025)
- 15 - Tsjêbbe Hettinga, Frysk dichter († 2013)
- 19 - Apesanahkwat, Amerikaansk politikus, aktivist en akteur
- 19 - Arend Langenberg, Nederlânsk radionijslêzer en voice-over-artyst († 2012)
- 24 - Ben van der Geest, Frysk byldzjend keunstner en lesjouwer
- 27 - Galina Stepanskaja, Russysk reedrydster
- febrewaris
- 3 - Hennie Kuiper, Nederlânsk hurdfytser
- 13 - Jan Egil Storholt, Noarsk reedrider
- 19 - Grietine Molenbuur, Frysk turnster, dûnseresse en goreografe
- 22 - Niki Lauda, Eastenryksk Formule 1-koereur († 2019)
- maart
- 1 - Sido Martens, Frysk muzikant
- 8 - Cees Veerman, Nederlânsk politikus en boer
- 26 - Patrick Süskind, Dútsk skriuwer
- april
- 23 - John Miles, Ingelsk muzikant († 2021)
- maaie
- 4 - Graham Swift, Ingelsk skriuwer
- 5 - Eppie Bleeker, Frysk hurdrider
- 26 - Pam Grier, Amerikaansk aktrise
- juny
- 10 - Neeltsje Bonnema, Frysk skriuwster
- 14 - Alan White, Ingelsk drummer († 2022)
- 22 - Lillian Stewart Carl, Amerikaansk skriuwster
- 25 - Patrick Tambay, Frânsk Formule 1 koereur († 2022)
- july
- 7 - Shelley Duvall, Amerikaansk aktrise († 2024)
- 17 - Willem Verf, Frysk politikus en skriuwer
- 26 - Roger Taylor, Ingelsk drummer
- 28 - Randall Wallace, Amerikaansk skriuwer, regisseur en filmprodusint
- augustus
- 5 - Viola Holt, Nederlânsk presentatrise († 2025)
- 8 - Danny Peary, Amerikaansk publisist en filmkritikus
- 8 - Ids Willemsma, Frysk keunstner
- 10 - Harry Slinger, Nederlânsk sjonger
- 12 - Janet Maslin, Amerikaansk film- en literatuerkritika
- 21 - Dominic Grant, Ingelsk sjonger († 2020)
- septimber
- 2 - Albert West, Nederlânsk sjonger († 2015)
- 10 - Bill O'Reilly, Amerikaansk konservatyf radio- en telefyzjepresintator
- oktober
- 4 - Jay Scott, Amerikaansk-Kanadeesk filmkritikus († 1993)
- 11 - Gjalt Pilat, Frysk meubelûntwerper
- 15 - Nanne Kalma, Frysk muzikant en komponist
- novimber
- 2 - Lois McMaster Bujold, Amerikaansk skriuwster
- 29 - Garry Shandling, Amerikaansk komyk en akteur († 2016)
- desimber
- 23 - Els de Groen, Nederlânske skriuwster († 2025)
- 31 desimber - Ellen Datlow, Amerikaansk redaktrise fan ferhalebondels
- datum ûnbekend
- Mark Carriere, Amerikaansk pornoregisseur en -produsint
- Han van der Horst, Nederlânsk histoarikus en publisist
- Jan Popkema, Frysk oersetter
Remove ads
Ferstoarn
- febrewaris
- 7 - Gurcharan Singh Grewal, Britsk-Yndysk hockeyer (* 1911)
- 15 - Roger François, Frânsk gewichtheffer (* 1900)
- maart
- maaie
- 15 - Ids Roukema, Frysk keatser (* 1889)
- juny
- 10 - Sigrid Undset, Noarsk skriuwster (* 1882)
- 21 - Willem George Frederik Jansen, Frysk keunstskilder (* 1871)
- july
- 9 - Gerrit Knop, Skylger skriuwer, dichter en taalkundige (* 1873)
- 30 - Lorenz Conrad Peters, Noardfrysk skriuwer en learaar (* 1885)
- augustus
- 13 - Geerhardus Vos, Frysk-Amerikaansk teolooch (* 1862)
- septimber
- oktober
- desimber
- 28 - John Lovelock, Nijseelânsk atleet (* 1910)
Films
| Jierren: | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 |
| Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads