Alice Eve
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Alice Eve (folút: Alice Sophia Eve; Londen, 6 febrewaris 1982) is in Ingelsk film-, tillefyzje- en toanielaktrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as doktor Carol Marcus yn 'e Star Trek-film Star Trek: Into Darkness.
Remove ads
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Eve waard yn 1982 yn 'e Britske haadstêd Londen berne as de dochter fan 'e akteurs Trevor Eve en Sharon Maughan. Hja is fan mingd Iersk, Ingelsk en Welsk etnysk komôf. Eve genoat ûnderwiis oan efterinoar de Bedales School, de More House School en de Westminster School yn Londen. Neitiid brocht se in tuskenjier troch mei lessen oan it Beverly Hills Playhouse, in toanielskoalle yn Beverly Hills, wêrnei't se Ingelske taal- en letterkunde studearre oan it St. Catherine's College fan 'e Universiteit fan Oxford. Yn har tiid yn Oxford wie Eve lid fan in studintetoanielselskip dat foarstellings op 'e planken brocht lykas The Importance of Being Ernest, Animal Crackers en Scenes from an Execution.
Aktearkarriêre
Fan 2004 ôf sette Eve útein mei in profesjonele aktearkarriêre. Se spile foar de BBC yn 'e tillefyzjefilm Hawking en dramasearjes as The Rotters' Club en Agatha Christie's Poirot. Har debút op it wite doek makke se datselde jiers yn it filmdrama Stage Beauty. Yn 2006 wie Eve te sjen yn 'e yn Yndia opnommen minysearje Losing Gemma, oer lju dy't as backpackers op fakânsje geane. Datselde jiers spile se ek yn twa filmkomeedzjes: Starter for 10 en Big Nothing. Foar dy lêste film moasten sy en har tsjinspiler Simon Pegg harrensels in Amerikaansk-Ingelsk aksint oanmjitte.
Op it toaniel wurke Eve mei oan twa stikken dy't regissearre waarden troch Trevor Nunn. Yn 2006 spile se de jonge Esme/Alice yn it stik Rock 'n' Roll, fan Tom Stoppard. Dat wie earst te sjen yn it Royal Court Theatre yn Londen, mar gie yn 2007 oersee nei Broadway. Foar har rol yn Rock 'n' Roll waard Eve nominearre foar in Whatsonstage.com Theatregoers' Choice Award yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. En yn 2009 spile se Roxane yn in produksje fan Cyrano de Bergerac yn it Chichester Festival Theatre.
Yn 2010 hie Eve de froulike haadrol yn 'e Amerikaanske romantyske komeedzje She's Out of My League, wêryn't har echte âlden de rollen fan 'e âldelju fan har personaazje spilen. Datselde jiers fertolke Eve ek de rol fan Erin, it Ierske bernefamke fan Charlotte, yn 'e film Sex and the City 2. Yn 2011 hie se in weromkearende rol yn it achtste seizoen fan 'e komeedzjedramasearje Entourage. Fierders wie Eve dat jiers te sjen as Lara Tyler yn 'e romantyske komeedzje The Decoy Bride. Yn 2012 spile se de jongere ferzje út 1969 fan Agent O yn 'e science fictionkomeedzje Men in Black 3 (de âldere ferzje waard spile troch Emma Thompson).

Eve har grutte trochbraak as aktrise kaam yn 2013, doe't se de rol fan dr. Carol Marcus fertolke yn 'e film Star Trek: Into Darkness, it twadde diel fan 'e reboot-filmsearje fan 'e Star Trek-franchise. Datselde jiers wie Eve ek te sjen yn it romantyske drama Before We Go, mei Chris Evans, dy't behalven har tsjinspiler ek de regisseur fan 'e film wie. Yn 2014 wie se sels as filmprodusinte belutsen by it meitsjen fan 'e film Death of a Farmer, en teffens spile se dat jiers harsels yn 'e komeedzjefilm Night at the Museum: Secret of the Tomb. Eve spile ek yn 'e skriller Criminal, út 2016, en fan desimber 2017 ôf yn 'e Netflix-rige Iron Fist.
Films dêr't Eve neitiid noch yn spile, wiene û.o. Untogether (2018), Bombshell (2019) en Warning (2021). Fierders hat hja meiwurke oan ferskate fideoclips, wêrûnder dy fan it nûmer Queenie Eye fan Paul McCartney (2013), en fan it nûmer Hotel Ceiling fan 'e band Rixton (2015).
Priveelibben
Eve hat heterogromy, in oandwaning dy't makket dat de irissen fan 'e beide eagen ferskillende kleuren hawwe. Yn har gefal is har loftereach blau en har rjochtereach grien. Hja is ek oanhelle mei ADHD, in oandwaning dy't ta it autismespektrum rekkene wurdt.
Eve hie lange tiid in relaasje mei dichter Adam O'Riordan, mei wa't se yn har studintetiid yn Oxford yn 'e kunde kommen wie. Hja makken it lykwols yn 2012 út. Op 14 augustus 2014 makke Eve har ferloving bekend mei har freontsje fan 'e middelbere skoalle, bankier Alex Cowper-Smith, dy't se kennen leard hie op 'e Westminster School. Se trouden op 31 desimber 2014, mar harren houlik einige yn 2017 yn in skieding.
Eve wennet ôfwikseljend yn Londen en Los Angeles. Se liet har op 16 novimber 2017 naturalisearje ta boarger fan 'e Feriene Steaten, mar joech har Britske nasjonaliteit net op. Sadwaande hat se sûnt in dûbele nasjonaliteit.
Remove ads
Filmografy
Remove ads
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads