Angelina Jolie

From Wikipedia, the free encyclopedia

Angelina Jolie
Remove ads

Angelina Jolie (berne Angelina Jolie Voight) (Los Angeles,, 4 juny 1975) is in Amerikaansk aktrise en Goodwill Ambassadeur foar de UN Refugee Agency. Sy hat trije Golden Globe Awards, twa Screen Actors Guild Awards, en in Academy Award wûn. Jolie set har yn foar humanitêre saken oeral yn de wrâld, en is bekend om har wurk foar flechtlingen by de UNHCR. Sy wurdt ien fan de kreaste froulju yn de wrâld neamd en har priveelibben kin op in protte omtinken rekkenje.

Fluch de feiten

Jolie is de dochter fan de akteur Jon Voight en Marcheline Bertrand. Nei de skieding fan har âlden hat hja har heit lange tiid net sjoen, letter binne se wol wer goed wurden. Har earste filmoptreden yn 1982 wie neist har heit.

Jolie is skieden fan de akteurs Jonny Lee Miller en Billy Bob Thornton. Hjoeddeisk wennet hja mei akteur Brad Pitt, in ferhâlding dy't wrâldwiid omtinken fan de media kriget. Jolie en Pitt hawwe trije adoptearre bern, Maddox, Pax, and Zahara, en ek trije bern fan harren sels, Shiloh, Knox, en Vivienne. Septimber 2016 waard bekend dat Jolie in skieding oanfrege hat.

Remove ads

Karriêre

Hoewol't hja foar har rol in de film Girl, Interrupted yn maart 2000 al de Oscar foar bêste froulike byrol wûn, krige har bekendheid in hichtepunt yn 2001 troch har rol as Lara Croft yn de film Tomb Raider. Yn 't earstoan hie Jolie de reputaasje fan saneamde Hollywood-rebel, mei troch har iepenheid oer har depresje, automutilaty, biseksualiteit en har foarkar foar tatoeaazjes en messen. Troch har wurk as ambassadeur fan de UNHCR en de adopsjes fan har bern krige hja letter een mylder imago.

Yn augustus 2001 waard Jolie beneamd ta ' goodwill ambassadeur ' fan de UNHCR, nei't hja foar dy organisaasje de lannen Sierra Leone en Tanzania besocht hie. Jolie krige yn 2005 it Kambodjaansk steatsboargerskip as tank foar har krewearjen foar it miljeu yn dat lân Dit wie mooglik troch in dekreet fan kening Norodom Sihamoni.

Yn 2005 besocht se foar de UNHCR flechtlingekampen yn noardlik Thailân oan de grins mei Myanmar. Hja hie doe wilens mear as 20 besites brocht oan opfangsintrums foar fan hûs en hiem ferdreaunen oer de hiele wrâld sûnt hja yn 2001 begûn mei har wurk foar dizze FN-organisaasje.

Remove ads

Filmografy

Mear ynformaasje jier, titel ...
Remove ads

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads