Antigûa en Barbûda

From Wikipedia, the free encyclopedia

Antigûa en Barbûda
Remove ads

Antigûa en Barbûda is in eilânsteat yn it eastlike part fan de Karibyske See, op de grins mei de Atlantyske Oseaan en bestiet út in kloft eilannen. De haadstêd fan de eilânsteat is Saint John's.

Antigua and Barbuda
Thumb Thumb
Flagge Wapen
Thumb
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Saint John's
Steatsfoarm parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
442 km²
-­%
Ynwenners (2015) 92.436 (209,1 km²)
Munt East Karibyske Dollar (XCD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 1 novimber
Lânkoade ATG
Ynternet .ag
Tillefoan 1268
Thumb
Ingelske- en Falmouth haven (2000)
Remove ads

Skiednis

Antigûa en Barbûda is lid fan it Britske Mienebest en waard op 1 novimber 1981 ûnôfhinklik. De Britske keninginne is steatshaad.

Geografy

Antigûa en Barbûda wurdt foarme troch de eilannen Antigûa, Barbûda en Redonda. Antigua en Barbûda meitsje ûnderdiel út fan de Boppewynske Eilannen yn de Lytse Antillen. Yn it suden befynt him it Frânske eilân Guadelûp, yn it súdwesten it Britske Montserrat, yn it westen Sint-Kits en Nevis en yn it noardwesten it by Guadelûp hearende Sint-Barthélemy.

Grutste plakken

De tsien grutste plakken fan Antigûa en Barbûda (allegear op Antigûa) wiene yn 2001:

Mear ynformaasje Plak, Ynwennertal ...

It grutste plak fan Barbûda is Codrington (980 ynwenners yn 2001).

Befolking

Mear as 75% fan de befolking is kristen. De grutste tsjerke is de Anglikaanske tsjerke.

Keppeling om utens

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads