Bisdom Roermond
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
It bisdom Roermond (Latyn: Dioecesis Ruremundensis) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De grinzen fan it bisdom rinne lyk mei de provinsje Limburch.
Remove ads
Skiednis
It brede kerstenjen fan Limburch fûn plak sûnt de 6e iuw, doe't missybiskoppen yn Maastricht harren sit krigen. Aldere spoaren fan kristlike oanwêzigens geane fierder werom, mar it plattelân bleau noch langer heidensk. Sûnt de 10e iuw hearde it súdlike diel fan it hjoeddeiske bisdom by it bisdom Luik, wylst in diel fan it noarden by it aartsbisdom Keulen hearde. Oant it oantsjinjen fan de reformaasje bleau dat sa.

Op oantrunen fan lânfâld Filips II waarden yn 1559 de bisdommen yn de Nederlannen reorganisearre. Utert waard in aartsbisdom en ûnder Utert foelen de nije bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. It nije bisdom Roermond, dat op 12 maaie 1559 stifte waard, kaam net ûnder it aartsbisdom Utert te fallen, mar ûnder it aartsbisdom Mechelen en bestie út tesnipele dielen fan de bisdommen Luik en Keulen. De earste biskop fan it bisdom wie Wilhelmus Lindanus.
Yn de Frânske tiid waard it bisdom op 29 novimber 1801 opheft. De Frânsen woene gruttere bestjoersienheden en it grutste diel fan it gebiet waard wer by Luik foege, wylst it diel fan it bisdom dat yn it Bataafsk Mienebest foel oant 1853 tafoege waard oan it apostoalysk fikariaat Grave-Nijmegen. Dat diel waard yn 1853 by it bisdom De Bosk yndield.
De Belgysk-Nederlânske skieding yn 1830 makke it needsaaklik dat de nije Nederlânske provinsje Limburch in eigen tsjerklik bestjoer krige. Op 18 desimber 1840 waard it apostoalysk fikariaat Limburch ynsteld. De feroarings fan de grûnwet fan 1848 stiene ek de weropbou fan de tsjerklike hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân ta. Yn 1853, 42 jier nei de opheffing fan it earste bisdom Roermond, waard it fikariaat Limburch omset yn it twadde bisdom Roermond.
Remove ads
Katedraal
- Sint-Kristoffelkatedraal, Roermond
Patroanhilligen fan it bisdom
List biskoppen
Remove ads
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads