Mienebêst fan Naasjes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Mienebêst fan Naasjes (Ingelsk: Commonwealth of Nations), ek wol Mienebêst of Britske Mienebêst neamd, omfiemet it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân mei syn ôfhinklike gebieten (û.m. protektoraten) en in grut tal selsstannige steaten dy't foarhinne in koloniale of oare ôfhinklike relaasje mei Grut-Brittanje hienen en letter ûnôfhinklik wurden binne, mar út eigen wil keazen hawwe om de Mienebêstbân mei it eardere memmelân te hanthavenjen.

It Mienebêst telt goed 30 lidsteaten, hjirta hearre û.m. Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Yndia, Gana, Nigeria, Syprus, Tanzania, Banglades, Kenia en Guyana. Elts lid hat it rjocht op elk momint út te treden. Mienskiplike gesachsorganisaasjes hat it Mienebest net, wol komme de regearingslieders geregeldwei byinoar.
Yn 1931 kaam it Mienebêst ta stân. Syn wichtichste en praktyske betsjutting ûntlient it oan de preferinsjele ynfierrjochten dy't de leden inoar takenne. Fierders bestiet der op it mêd fan ekonomy, technyk en wittenskip gearwurking.
![]() | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Commonwealth of Nations fan Wikimedia Commons. |
Remove ads
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads